Alderheljenkatedraal (Derby)
Alderheljenkatedraal Derby Cathedral | ||
Lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
County | Derbyshire | |
plak | Derby | |
koördinaten | 52° 55' N 1° 28' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Anglikaanske Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 16e iuw, 17e iuw, 20e iuw | |
boustyl | Gotyk, Neoklassisisme | |
hichte | 65 meter (toer) | |
Webside | ||
Side katedraal | ||
Kaart | ||
De Katedraal fan Derby of Alderheljenkatedraal (Ingelsk: Derby Cathedral; Cathedral of All Saints) is in monumintale Anglikaanske tsjerke yn 'e Ingelske stêd Derby. Yn 1927 waard de eardere parochytsjerke in katedraal yn it ramt fan 'e oprjochting fan it bisdom Derby. De oarspronklike Alderheljentsjerke waard yn it midden fan de 10e iuw stifte as in keninklike kollegiale tsjerke. Tsjintwurdich stamt de toer noch út de 16e iuw, wylst it skip yn 1725 foltôge waard en it koer yn de 20e iuw tafoege is.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike tsjerke waard nei alle gedachten om it jier 943 hinne boud troch de Angelsaksyske kening Edmund I as in keninklike kollegiale tsjerke. Fan dy bou binne gjin resten bewarre bleaun. Nei de Normandyske ferovering fan 1066 en neffens it Domesday Book fan 1086 wie de tsjerke eigendom fan 'e kening en bestjoerde in kolleezje fan sân preesters it gebou.
It gebou waard yn 'e 14e iuw wer opboud, nei't de tsjerke earder sloopt wurde moast fanwegen brekfalligens. Ut de boutekeningen kin opmakke wurde dat dy tsjerke likernôch like grut wie as de hjoeddeiske tsjerke. Yn 'e jierren 1510–1532 waard yn 'e styl fan 'e Ingelske gotyk de tjintwurdige, 65 meter hege toer boud. De sânstien, dêr't de toer fan boud is, kaam út de tichteby lizzende ôfgraverij Duffield Bank.
Yn 'e tiid fan 'e ferfolging fan protestanten doe't Marije I fan Ingelân it lân bestjoerde (1553–1558) waard de bline frou Joan Waste (1534–1 augustus 1556) yn 'e tsjerke feroardiele ta de brânsteapel, om't hja har protestantske leauwe wegere op te jaan.
Healwei de 17e iuw rekke it gebou jimmeroan brekfalliger en yn 1700 wie it net mear as in boufal. Yn febrewaris 1723 naam de dûmny fan 'e tsjerke op eigen manneboet it beslút om de âlde tsjerke te slopen. Foar dat doel hierde er in tal mannen yn om it gebou yn 'e nacht ôf te brekken. De ôfbraak wie no in feit en no moast der wol útein set wurde mei it ynsammeljen fan jild foar nijbou. De dûmny die in soad war om it nedige jild byinoar te krijen; ek levere er in grutte persoanlike finansjele bydrage. Syn krewearjen waard fêstlein op in plakkette yn it súdlike skip. De dûmny ûnderfûn by de útfiering in soad tûkelteammen en naam lang om let yn 1728 ûntslach; hy ferstoar in oardeljier letter en liet in soad iepensteande skulden achter.
Wylst de âlde toer bewarre bleau, waard de rest fan 'e tsjerke boud neffens in neoklassisistysk ûntwerp fan 'e arsjitekt James Gibbs. Yn syn arsjitektuerboek skreau Gibbs oer de Alderheljentsjerke dat it moaier wie gjin galerijen oan te bringen, dy't neffens him krekt as banken de tsjerke ferpeste en dat de ienfâld fan it gebou it goedkeaper en better passend by de âlde toer makke. As kompinsaasje foar it sobere ynterieur liet Gibbs troch de lokale smid Robert Bakewell in smei-izeren koerhek meitsje oer de hiele breedte fan 'e tsjerke. De nijbou fan 'e tsjerke waard op 25 novimber 1725 yn gebrûk nommen.
Op 1 july 1927 waard de Alderheljentsjerke in katedraal. Letter, tusken 1967 en 1972, waard it gebou neffens in ûntwerp fan Sebastian Comper, de tsjerke nei it easten ta ferlinge mei in retrokoer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Derby Cathedral
|