Aesopus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Boarstbyld fan Aesopus, Rome. 1e - 4e ieu f. Kr.
Aisopos útbyld troch Diego Velasquez ±1640

Aisopos of Aesopus of Esopus620 f.Kr. – ± 560 f.Kr.) wie in Grykske dichter fan fabels. De saneamde Aisopyske fabels wiene yn de âldheid al ferneamd en foarmen in ynspiraasjeboarne foar lettere skriuwers.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Aisopos' biografy is mar in bytsje fan bekend en der is striderij oer. Syn berteplak is ûnbekend, mar Aristoteles sei dat er fanTraasje kaam. Neffens Herodotos (Hist. 2, 134) wie Aisopos as slaaf yn tsjnst by Iapedon, op it eilân Samos, en dat er fermoarde wurden is. Herodotos beskôget dit ferhaal as bekend, want hy giet der fierder net op troch. Herakleidos Pontikos giet er noch wat neier op yn: Aisopos soe in gouden offerskeal stellen hawwe en dêrfoar straft wêze. Mar hy moat dan dochs frij man wurden wêze, want letter libbe er oan it Hof fan Croesus, dêr't er Solon moete en iten hat oan de tafel fan Periander yn Korinte. Yn de regearperioade fan Peisistratus soe er Athene besocht hawwe en syn fabel De kikkerts dy't in kening winsken ferhelle hawwe. De bedoeling dêrfan binne ek wer ferskillend ferhalen fan yn omrin.

It falt wol op dat der faak Afrikaanske bisten optrede yn syn ferhaalsjes. Richard Lobban, in Ingelske professer Afrikaanske Stúdzjes, hat beargumintearre dat syn namme fan "Etioopjer" komme kin, in wurd dat de Griken brûkten foar eltsenien mei in donkere hûd út Afrika. Oare Ingelske gelearden sprekke dat wer tsjin. In soad histoarisy tinke tsjintwurdich oan Frygje yn Lyts Aazje as te bertegrûn fan Aesopus.

Guon gelearden twifelje sels oft Aisopos wol wier bestien hat. Neffens de Grykske tradysje moast els literêr sjenre in al as net optochte - euretes of útfiner hawwe. Herodotos neamt Aisopos as sadanich oangeande de fabels. At er no al as net bestien hat, hy waard wurdearre en wie ferneamd yn it klassike Athene. Syn populêrens docht ûnder oaren bliken út it feit dat Aristophanes us faker as ien kear fernijt mei syn namme yn syn komedy (Waspen f. 1259; De Frede f. 139).

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Oan Aisopos wurde mear as 350 fabels taskreaun. Sy binne yn it Gryksk en ferskille yn lingte. Oer de pesise komôf fan de gidichten is men net wis. Der wurdt oannomd dat net alle fabels fan Grykske oarsprong binne.

Guon Aisopische fabels, sa as It imerke en de mieren en De raven en de foks binne yn Nederlân, yn in wat oanpaste foarm, noch algemien bekend. Dit is te tankjen oan Phaedrus, Jean de la Fontaine en in ûnbekende Middelieuske Nederlânsktalige auteur dy't de bondel de Esopet skreau.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]