Achterom

Ut Wikipedy

Achterom is in earder buorskip noardeast fan Hoogeveen boppe de Achteromsedyk; oan de strjitte Achterom, no Europawei. Dizze nije wei hat ek it westlik stik fan de dyk opeaske en folget oer in nij súd-noard rinnend ferbiningsstik it trasee fan it eardere Achterom. It westlik diel hjirfan is by in fabrykskompleks lutsen. Yn 1867 beskriuwt J. Kuyper dizze streek as Achteromsche Opgaande. HAD (1900) fermeldet Achterom mar ek Achteromsche Opgaande; it lêste is dan in kanaal mei huzen oan beide kanten. Strjitte (wat der noch fan oer is ) en dyk wurde neffens moderne boarnen sawol tabedield oan de doarpen Tiendeveen (noardeasten) en Noordscheschut (súdeasten) as oan de Hoogeveense yndustrywyk De Wieken (westen), allegear gemeente Hoogeveen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: