Aaistokkanker

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Esculaap4.svg     Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
Aaistokkanker.

Aaistokkanker is kanker fan de aaistokken. Hjirby sit der yn de aaistokken in swolm.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

Aaistokkanker komt net in hiel soad foar, mar is wol tige deadlik. Yn 2000 kamen der yn Nederlân 1.100 nije pasjinten mei aaistokkanker foar. Dêrfan sille der goed 900 te ferstjerren komme. Aaistokkanker is dêrmei dan ek de grutste deadsoarsaak fan alle froulike gynekologyske kankersoarten.

Risikofaktoren[bewurkje seksje | edit source]

Aaistokkanker is in sykte dy't foaral foarkomt by âldere fruolju. Froulje dy't de menopauze al hân ha en âlder binne as 60 jier hawwe de measte kâns op dizze foarm fan kanker.

Der binne in tal risikofaktoren (saken wêrtroch de ien mear kâns hat op it krijen fan in sykte as in oar dy't dy saken net hat.). De wichtichste kinne ferdield wurde yn saken dy't te krijen ha mei at der aaisstokkanker yn 'e famylje foarkomt en at der bepaalde genetyske ôfwikings binne.

Wannear't aaistokkanker of boarstkanker by twa of mear earstegraads famyljeleden (mem, suster) foarkomt, is de kâns op aaistokkanker grutter. Datselde jildt at der mutaasjes fan it BRCA1- en BRCA2-gen bestiet by in frou. Dy froulju ha in ferhege kâns op it krijen fan aaistok- en boarstkanker. Dêrneist binne der famyljes dy't erflik belêste binne mei in hegere kâns op it krijen fan kanker yn 't mage-termstelsel en de aaistokken. Dit wurdt HNPCC neamd, nei it Ingelske Ing:HNPCC= Hereditary Non-Polyposis Colon Carcinoma.

Neist dìzze risikofaktoren binne der ek noch in tal dy't net erflik bepaald binne. It blykt dat froulju dy't langer as 3 jier 'de pil' brûkt hawwe en dy't mear as ien bern hân hawwe, foaral foar it 25e libbensjier, in lytsere kâns hawwe op aaistokkanker. Oarsom hawwe froulju dy't gjin bern hân ha of bern hawwe nei it 35e libbensjier in gruttere kâns. Dit alles hat te krijen mei it tal aaisprongen, hoe minder aaisprongen, hoe better.

Fan oare faktoaren is it minder dúdlik oft de kâns der troch tanimt. It liket dat troch it gebrûk fan talkpoeier yn it faginagebiet, it smoken, it drankgebrûk en troch fet iten de kâns op aaistokkanker ek tanimt.

Klachten[bewurkje seksje | edit source]

In frou fielt yn it begjin hast net dat se siik is. Ear't der symptomen ûntsteane is de sykte al safier tanommen dat de kâns op better wurden hiel lyts is. Aaistokkanker wurdt dêrom yn it Ingelsk wol the Silent Lady Killer (de Stille Frouljusdeader neamd. Klachten ûntsteane at de swolm bûten de aaistokken groeit nei de liifmoer en terms. Ek kin de kanker him troch it bloed (útsieddings) en lymfebanen ferspriede troch it hiele lichem. Trochdat de swolm op de termen drukke kin, binne de klachten dy't oanstean faak wat ûndúdlike termklachten, bygelyks gau in fol gefoel, net sin yn iten, mislik en muoite mei of krekt faker poepe. Mar omdat de kankersellen fia it bloed ek yn de longen en lever komme kinne, kinne hjir ek klachten ûntstean.

Diagnoaze[bewurkje seksje | edit source]

Aaistokkanker is in tige deadlike foarm fan kanker. It is dêrom tige wichtich dat de dokters goed yn kaart brocht hawwe hoe fier at de kanker is, dat wol sizze hoe grut de kanker is en wêr't it allegear presys sit. Sit it allinnich noch mar yn 'e aaistokken of is it al grutter, is it dan nei de termen groeid of fia it bloed nei de longen streamd?

Om dat alles dúdlik te krijen wurde froulju dêr't fan tocht wurdt dat hja aaistokkanker hawwe operearre. Meastal wurdt der in laparotomy-operaasje dien, dêr't de búk by iepenhelle wurdt om sa in goed byld te krijen fan de búkynhâld. Oan de hân fan it FIGO-stadiumsysteem (Ingelsk: International Federation of Gynecological Oncologists) wurdt dan bepaald yn hokker stadium de kanker is. It stadium seit nammentlik in protte oer wat foar behandeling plakfine moat en wat de kânsen binne op better wurden.

Ear't der operearre wurdt, wurdt der bloed ôfnommen om Ca-125 te mjitten, dat in kankerspoar is (in stof yn it bloed dy't oanjout at der wol of net kanker oanwêzich is). Dêrneist wurdt der in echogram fan de swolm makke.

FIGO-stadiumsysteem[bewurkje seksje | edit source]

It FIGO-stadiumsysteem jout in yndieling yn stadiums. Dat wurdt dien op basis fan de fersprieding fan de kanker: at it yn ien of twa aaistokken sit of dat dy fjirder groeid is. Hjirûnder stiet it FIGO-skema dat sûnt 1987 yn gebrûk is.

  • I - Kanker is beheind ta de aaistokken
    • A - Ien aaistok is oandien, der is gjin bûkfocht, it swolmkapsel is hiel, gjin swolmweefsel bûten it kapsel.
    • B - Twa aaistokken binne oandien en der is gjin bûkfocht, swolmkapsel is hiel, gjin swolmweefsel bûten it kapsel.
    • C - Ien of twa aaistokken binne oandien en der is wol bûkfocht of it swolmkapsel is stikken of der is kanker bûten it kapsel of by de operaasje wurde der kwea-aardiche sellen yn de búkholte fûn.
  • II - Trochgroei fan de kanker bûten de aaistokken
    • A - Trochgroei oan liifmoer of aailieder.
    • B - Trochgroei nei oare struktueren yn it lytse bekken.
    • C - Stadium IIA of IIB mei bûkfocht of stikken swolmkapsel of swolm bûten it kapsel of by de operaasje wurde der kwea-aardiche sellen yn de búkholte fûn.
  • III - Trochgroei fan de kanker bûten it lytse bekken
    • A - Mikroskopysk-lytse trochgroei, mar gjin kanker yn retroperitonale lymfeklieren.
    • B - Trochgroei lytser as 2sm en gjin kanker yn retroperitonale lymfeklieren.
    • C - Trochgroei grutter as 2sm of wol kanker yn retroperitoneale lymfeklieren.
  • IV - Trochgroei bûten de búkholte, bygelyks nei de longen of lever.


Behanneling[bewurkje seksje | edit source]

Neidat de stadiëaring dien is wurdt oan de hân hjirfan de behanneling bepaald. Yn de measte gefallen betsjut dit dat beide aaistokken, beide aailieders en de liifmoer weihelle wurde. Fierders wurde ek faak omlizzende oandiene organen meinommen. It giet dan om in part fan de term en om it búkskelk, omdat hjiryn faak útsieddings sitte fan de kanker. Dit type operaasje, dêr't safolle mooglik kanker by weihelle wurdt, hjit in debulking (Ingelsk: ûntfolumearing). Allinich by froulje dy't se noch in bernwinsk hawwe, en der't de swolm lyts is en noch net trochgroeit is nei oare organen (FIGO Ia), bliuwt de operaasje beheind ta ien aaistok en ien aailieder. Dizze fruolju bliuwe wol ûnder kontrôle by de gynekolooch omdat de kâns op it krijen fan aaistokkanker hjirtroch al heger is.

Neist dizze operaasje is der faaks gemoterapie nedich. Allinich fruolje wêrby alle kanker fuorthelle is by de operaasje of wêrby de restswolm lytser is as 2sm en de stadiëring leech wie, hoeche gjin gemoterapie. Yn de measte gefallen wurdt der wol gemoterapie dien. Begûn wurdt mei seis kear, om de trije wike, in kuer te jaan der't yn alle gefallen in platina-stof yn sit. Earste kar is carboplatine yn kombinaasje mei paclitaxel. Oare kombinaasjes mei bygelyks cisplatina en cyclofosfamide binne ek mooglik, mar fanwege ferfelender bywurkings is dit net mear de earste kar.

Als binne der goeie reaksje op dizze medisinen, it komt dochs hiel faak foar dat de kanker wer de kop opstekt en dat der wer in nije operaasje en gemoterapie nedich binne. At in frou binnen 6 maand nei gemoterapie op 'e nij kanker krijt, kin se net wer behannele wurde mei carboplatine of cisplatine. De swolm is resistint foar dizze medisinen. Der wurdt dan oergien op oare medisinen, bygelyks op 'e nij paclitaxel, taxolol of topotecan. Dit kin him in oantal kear werhelle; der kin dus meardere kearen begûn wurde mei in nije kuur.

Omdat de kâns op folledich herstel lyts is, is de behanneling rjochte op palliaasje.

Prognoaze[bewurkje seksje | edit source]

Nettsjinsteande dat der ferbeterrings binne yn de behânneling en dermei de prognoaze better wurdt, bliuwt de kâns op folslein opbetterjen lyts. De lêste jieren is der al ferbettering yn de prognoaze. Wie it fiif-jiers oerlibjen foar alle aaistokkanker yn 1990 noch 41,6%, yn 2001 wie dit 49,7%. De minste prognoaze hawwe fruolje mei let stadium aaistokkanker. De kâns fan fiif-jiers oerlibjen sakket dramatysk foar stadium IIIa nei stadium IV fan 46,7% nei 18,6%. Pasjinten mei betide aaistokkanker (FIGO I-IIa) hawwe in folle bettere prognoaze. Harren kânsen fan oerlibjen lizze tusken de 70% en 90%.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • O. Visser - Incidence of cancer in the Netherlands 1999/2000. Utrecht:Vereniging van Integrale Kankercentra, 2003.
  • S.A. Cannistra - Cancer of the ovary. N Engl J Med. 1993;329:1550-1559.
  • A.E. Guppy, P.D.Nathan, G.J. Rustin - Epithelial ovarian cancer: a review of current management. Clin Oncol (R Coll Radiol).2005;17:399-411.
  • M.J. Heineman, O.P. Bleker, J.L.H. Evers en oaren - Oncologie. Obstetrie en gynaecologie; De voortplanting van de mens. Elsevier Gezondheidszorg. 2001:636-643.
  • A.P.M. Heintz, F. Odicino, Maissoneuve en oaren - Carcinoma of the ovary. Int.J.Gynaecol.Obstet. 2006;95 Suppl 1:161-192.