Aafke Bijlsma

Ut Wikipedy
Der is in foarstel dien om dizze side te wiskjen.


Dizze side stiet op de list fan siden dy't nominearre binne om wiske te wurden.

Dizze side soe wiske wurde kinne as eltsenien de side (no) net brûkber mear fynt.
Soenen jo noch in doel sjen foar dizze side, dan kinne jo der gewoan yn skriuwe, mar helje dan al earst de titel fan de list fan siden dy't wiske wurde sille, om't jo wurk oars ek wiske wurde kinne soe.

Aafke Bijlsma is berne yn Drûgeham (Nederlân) yn 2001.

Komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aafke Bijlsma wie 22 jier âld op 28 novimber 2023. Se komt út Drûgeham en wennet no yn Pingjum. Aafke Bijlsma hâldt der fan om yn `e feesttinte te stean, de iene dei stiet se mei de klompen yn `e greide en de oare dei mei de hakken yn `e feesttinte. Aafke Bijlsma mei graach reizgje, sy hat op reis west nei Frankryk, Ingelân en Skotlân. Aafke Bijlsma hâldt fan de natuer en dat siket sy op yn wurk en reizgjen.

Bernetiid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oplieding fan Aafke Bijlsma is begûn oan it Nordwin Kolleezje dêr `t se melkfeehâlderij studearre fan 2016-2021. Sûnt 2021 is se begûn mei studearjen oan hegeskoalle Van Hall Larenstein mei de stúdzje biste- en feehâlderij.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aafke Bijlsma yn` e Boerinnen kalender

Aafke Bijlsma har karriêre hat mei modellewurk te krijen. Sy hat meidien oan de Boerinnekalender. Sy doarde harsels net op te jaan en doe hat har freon har opjûn.Sy waard útnûge om te kommen en is  útroppen ta Miss Novimber fan de Boerinnekalender. Aafke Bijlsma wol in boadskip jaan mei de reden dat se yn `e Boerinnen Kalender stiet, sy wol nammentlik boerinnen wer op `e kaart sette. En dêrmei sjen litte dat se de boeren stipet. Aafke Bijlma stipet de boeren mei in soad grutskens, se wol graach mear stipe foar de boeren troch yn dizze kalinder te stean en ûnbewust mear omtinken te krijen.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aafke Bijlsma har wurk bestiet foaral út wurkjen by AB fakwurk dêr `t se melker is, se wurket by trije melkfeehâlders as zzp’er. Aafke Bijlsma fynt it wurk sa moai om `t se dan de hiele dei bûten yn de natuer wêze kin, kij binne ek har favorite bisten. Boppedat jout it noflike wurk frijheid is en it is alle dagen oars.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  *(ned) [https://nl.linkedin.com/in/aafke-bijlsma-9649ab193?trk=people-guest_people_search-card