1 World Trade Center

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sa moat de nije Frijheidstoer wurde.

De 1 World Trade Center (âldere namme en bynamme Frijheidstoer) is de namme fan in gebou yn New York City dat noch boud wurde moat, yn de omkriten dêr't foarhinne de twa tuorren fan it Wrâldhannelsintrum stienen, dy't troch terroristyske oanslaggen op 11 septimber 2001 delstoart binne. De toer is in ûntwerp fan boumaster Daniel Libeskind. Neist de Freedom Tower komme der 5 oare tuorren: WTC 7 dy't der al stiet, 200 Greenwich, 175 Greenwich, 150 Greenwich en Tower 5.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Inisjeel soe de toer de namme Freedom tower (Frijheidstoer) krije. Yn maart 2009 keas de eigner, de havenautoriteit fan New York en New Jersey, foar de namme 1 World Trade Center omdat dat kommersjeel better wêze soe. [1] Dêr wie in protte krityk tsjin.

[bewurkje seksje] Eigenskippen

De toer sil boud wurde yn 'e noardwesterhoeke yn in gebiet fan 6,5 hektare dêr't eartiids it Wrâldhannelsintrum stie. De toer sil 1776 foet heech wurde, dat ferwiist nei it jier 1776, it jier dat it kongres fan 'e Feriene Steaten fan Amearika de ûnôfhinklikensferklearring oannaam. Nei it heechste dak sil de toer 415 meter wêze. Op 27 april 2006 is der begûn mei de fûndearrings, en it bouwen fan de toer sil nei alle gedachten ôfrûn wêze om 2012, 2013 hinne.

[bewurkje seksje] Yndieling

De toer krijt 108 ferdjippings. De yndieling fan de toer is as folget[2]

  • Ferdjippings 1-19: sokkel fan de toer
  • 20-63: buro's
  • 64: Skylobby
  • 65-88: Buro's
  • 89-99: Meganyk
  • 100–101: Restaurant
  • 102: Utsichtplatfoarm
  • 103–108: Meganyk / Kommunikaasjeapparatuer
  • Dak: Iepen útsichtplatfoarm

[bewurkje seksje] Nijsgjirrichheden

  • Der sil in monumint komme foar de Twin Towers. It monumint sil ‘reflecting absence’ hjitte en is ûntworpen troch Michel Arad.
  • Der sille romtes komme yn de etaazjes ûnder de grûn dêr't minsken hinne kinne om 11 septimber te betinken. De twa kelder etaazjes komme op itselde plak dêr't de Twin Towers stienen.

[bewurkje seksje] Sjoch ek


Gallery

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Commons Commons: 1 World Trade Center – foto, fideo en harktriemmen


[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 'One World Trade Center' valt slecht, 27 maart 2009, Trouw. Sjoen op 5 januari 2010.
  2. One World Trade Center by skyscraperpage.com, sjoen op 25 jannewaris
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen