Öömrang

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De noardfryske dialekten
Tinkstien mei it eilanner liet

It Öömrang is it Noardfrysk fan it eilân Amrum. Tegearre mei it dialekt Fering is it Öömrang ien fan de dialekten fan it Noardfrysk. Der binne sa likernôch 600 minsken dy't Öömrang prate. Yn de noardlike doarpen fan it eilân Amrum wenje de measte sprekkers fan it Öömrang.

De yn 1974 oprjochte Öömrang Ferian is de organisaasje foar it Frysk fan Amrum. Hjoed-de-dei wurdt it Öömrang neffens de 'Alkersumer Protokolle' fan 1971 skreaun.

Wat it Öömrang op skrift oanbelanget binne der ferskate teaterstikken en oersettings skreaun. Yn de santiger jierren fan de 20e ieu ferskynde it tydskrift Fering-öömrang Breipot mei stikken yn it Fering en Öömrang. Ut en troch ferskine der stikken yn it Fering yn Der Insel-Bote, in krantsje dat yn it haadplak fan Fear, Wyk auf Föhr, ferskynt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]