's-Graveland

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan 's-Gravelân)
Lizzing Widemarren
Goaise Feart rjochting Hilfertsom

's-Graveland is in doarp en eardere gemeente yn de gemeente Widemarren yn de provinsje Noard-Hollân. Oant 2002 wie it haadplak fan de gemeente 's-Graveland. It doarp leit sa'n 5 km ten westen fan Hilfertsom, en leit krekt ten easten fan Kortenhoef.

's-Graveland en Koartehoef steane bekend om it suvere wetter, wêrtroch in soad waskerijen har hjir fêstigen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

's-Graveland ûntwikkelet him hurd yn de 16e en benammen de 17e iuw. Yn 1644 waard de earste skipper beneamd om in geregelde fear- en trekskûtetsjinst op Amsterdam te ûnderhâlden. Yn 1648 komt der in skoalle en wurdt in skoalmaster oansteld. Yn 1649 wurdt de earste jierlikse hynstemerk hâlden. Yn 1657 wurdt de herfoarme tsjerke boud troch de Amsterdamske stedsarsjitekt Daniël Stalpaert. Yn dizze krústsjerke is in Hemony-klok út 1655. Yn 1824 wurdt der in Bätz-oargel pleatst.

Bûtenpleatsen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kastiel Trompenburgh 's-Graveland

's-Graveland is sûnt de santjinde iuw yn trek by rike Amsterdammers, dy't dêr lângoeden en bûtenpleatsen bouwe, erve of keapje lykas:

De 's-Gravelandsevaart, dêr't de measte huzen oan steane, wie eartiids in wichtige ferbiningsrûte tusken Amsterdam en Hilfertsom. Ferfier per skip waard faak ferkeazen boppe ferfier per reau omdat de dyk hast nearne ferhurde wie.

Yn it Rampjier 1672 wurdt in soad skea troch de Frânsken oanrjochte. Huzen wurde ferwoaste, bewenners fermoarde. Yn 1673 geane de Frânsen fuort en wurdt in soad werboud. Nije tunen wurde oanlein, frjemd genôch yn Frânske styl.

Yn 1966 waarden de gemeenten 's-Graveland, Koartehoef, Weesperkarspel en Stichtsk Ein gearfoege ta de nije gemeente 's-Graveland, dy't yn 2002 mei Loasdrecht en Nederhorst den Berg fúzjearre ta Widemarren.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De basis fan it strjittenplan bestiet út twa âlde strjitten, de Noarder- en it Suderein. Dêr't dy gearkomme is it krúspunt 'Smidsbrêge'. Dêrwei rinne de Leeuwenleane nei Hilfertsom en de Tsjekeleane nei Kortenhoef.

De Noarder- en Suderein wienen foarhinne de meast wichtige trochgeande wei tusken de provinsjale wei N236 (Weesp-Bussum) en de provinsjale wei N201 (Vinkeveen-Hilfertsom). Sûnt inkele jierren lykwols is it de Randweg Noord en de Randweg West by Hilfertsom dy't de provinsjale wegen N236 en de N201 ferbynt en oan de oare side de Gabriel Rotonde, dy't fia it histoaryske sintrum fan Nederhorst den Berg de provinsjale wegen N235 en de N201 ferbynt.

Dizze wegen hawwe in moderne ynfrastruktuer en foarmje in ûntlêsting foar it beskerme doarpsgesicht fan 's-Graveland Noarderein - Suderein, dêr't trochfgeand ferkear ward wurdt en dêr't it autolij makke is.

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 's-Graveland (Noord Holland) fan Wikimedia Commons.