Loasdrecht

Ut Wikipedy
Lokaasje Widemarren

Loasdrecht (Nederlânsk: Loosdrecht) is de namme fan in doarp yn de gemeente Widemarren, fan de provinsje Noard-Hollân. Loasdrecht bestiet út twa dielen: Ald-Loasdrecht en it gruttere Nij-Loasdrecht. Loasdrecht hat 8970 ynwenners (2004).

Loasdrecht is benammen bekend as wettersportdoarp ten westen fan Hilfertsom mei fiif oan elkoar ferbûne rekreaasjeplassen. De Loasdrechtske Plassen binne yn de 16e iuw út feangebiet troch turfwinning ûntstien.

Loasdrecht wie earder ek in gemeente. By de gemeentlike weryndieling fan 2002 waard Loasdrecht mei Nederhorst den Berg en Grevelân gearfoege ta Widemarren. Loasdrecht hearde fan 1814 oant 1819 by de provinsje Hollân, mar foel dêrnei oant 2002 ûnder de provinsje Utert, oant it fanwegen de gemeentlike weryndieling by Widemarren wer oerhevele waard nei Noard-Hollân.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Om de Loasdrechtske Plassen steane in soad rikkeraasjewenten yn parken, der binne in soad horekagelegenheden en havens foar plesierfeart. Ek farre der rûnfeartboaten. De bekendste havens binne dy fan de Koninklijke Watersport Vereeniging Loosdrecht, Jachthaven Het Anker en Jachthaven De Otter, ferneamd om syn Jazzjûnen.
  • Der steane ek in tal monumintale pleatsen, ek steane der noch in soad orizjinele swart-tarre húskes mei reiden tekken oan de plassen. Boppedat is der in kastiel (Sypesteyn) dat Jhr. C.H.C.A. Sypesteyn begjin 1900, as lêste fan syn geslacht, op basis fan fantasy bouwe liet. Hy brocht dêr ek syn kolleksje antyk yn ûnder, mei Loasdrechts porslein.
  • It heechweardige Loosdrechts porslein waard hjir makke fan 1774-1784 as wurkgelegenheidsprojekt fan dûmny Joannes de Mol.
  • De hearlikheid Loasdrecht hat iuwenlang besit west fan de famylje Van Amstel van Mijnden.

Ald-Boargemasters fan Loasdrecht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • J. Blanke (1816-1833)
  • J.W. de Wit (1833-1857)
  • J.F. de Wit (1857-1875)
  • C.J. Hacke van Mijnden (1875-1890)
  • F.C.H. Roijaards (1892-1906)
  • Mr. H.Th. s'Jacob (1906-1909)
  • Jhr. Q.J. van Swinderen (1909-1944 en 1945)
  • Jhr. mr. C. Dedel (1945-1946) (waarnimmend)
  • Mr. J.L. Vunderink (1946-1970)
  • Dhr. D.D.W.J Kastelein (1970-1981)
  • Mw. M.K. van Langeveld-Berckel (VVD) (1981-1984)
  • Drs. J.V.M. Steegmans (1984) (waarnimmend)
  • J.J. Gieskens (1985 oant en mei 2001) lêste boargemaster fan Loasdrecht.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]