Goeree-Oerflakkee

Ut Wikipedy
Goeree-Oerflakkee
Goeree-Overflakkee

Ikkers mei ruters yn 'e neite fan Alddoarp, mei op 'e eftergrûn de fjoertoer Westhoofd.
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
boargemaster Ada Grootenboer-Dubbelman
  (CDA)
sifers en geografy
haadplak Middelharnis
grutste plak Sommelsdyk
ynwennertal 48.204 (2014)
befolkingstichtens 184,0 / km²
oerflak 422,34 km²
● wêrfan lân 262,00 km²
● wêrfan wetter 160,34 km²
tal stêden 1
tal doarpen 15
ferkearsieren N215, N57, N59
skiednis
oprjochte 2013
oant 1966 13 ferskillende gemeenten
1966 – 2013 Gem. Durkslân
Gem. Goederede
Gem. Middelharnis
Gem. Eastflakkee
oar
netnûmer 0187
postkoade 3240–3258
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.goeree-overflakkee.nl

Goeree-Oerflakkee (Nederlânsk: Goeree-Overflakkee; Siuwsk: Goereê-Overflakkeê) is eilân en in gemeente yn it uterste suden fan 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân. It gebiet bestiet út 'e eardere, oaninoar groeide eilannen Goeree en Oerflakkee. Yn 2013 waard Goeree-Oerflakkee troch in proses fan gemeentlike weryndieling ien inkele gemeente. It haadplak is Middelharnis.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It westlike part fan Goeree-Oerflakkee, dat út in dunerige bestiet, foarme oarspronklik mei it westen fan Foarne-Putten ien eilân, dat Foarne (Voorne) hiet. Nei't de see in gat yn 'e dunen slein hie wêrby't de mûning fan it Hjerringfliet skepen wie, bleaune der twa resteilannen oer. It iene wie Westfoarne, dat letter nei it dêr leine stedsje Goederede "Goeree" neamd waard. It oare wie Eastfoarne, dat letter oan it eilân Putten fêstgroeide ta Foarne-Putten. Sa kin it dat der op 'e westpunt fan Foarne-Putten noch altyd in doarp leit mei de namme Eastfoarne (Oostvoorne). De moderne gemeente dy't dat gebiet beslacht, hjit fan Westfoarne, mar dat is histoarysk sjoen dus in ferkearde namme, en it hat in protte bydroegen ta de betizing dy't der op dit mêd ûntstien is.

Uteinlik groeiden troch in iuwenlang proses fan fersâning en ynpoldering yn 1751 de eilannen Goeree en Oerflakkee (Overflakkee) oaninoar. Goeree-Oerflakke is troch de tiid hinne ferskate kearen swier troffen troch oerstreamings, lykas by de Stoarmfloed fan 1682, doe't der 22 minsken ferdronken, en by de Wettersneedramp fan 1953, doe't 481 minsken de drinkeldea stoaren. Fan 'e njoggentjinde iuw ôf waard it eilân betsjinne troch feartsjinsten, mar pas yn 1969 waard it isolemint fan it gebiet opheft doe't der in earste brêge mei it fêstelân oanlein waard, de Hjerringflietbrêge. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw is it toerisme tige wichtich wurden foar de pleatslike ekonomy, wylst dy it foarhinne fral fan 'e lânbou en de fiskerij hawwe moast.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Goeree-Oerflakkee hat in oerflak fan goed 422 km², wêrfan't 262 km² út lân bestiet en goed 160 km² út wetter. It heechste punt, fan 18½ m boppe seenivo, befynt him yn it westlike dúngebiet. It wurdt yn it westen begrinzge troch de Noardsee. Oan 'e noardkant foarmet it Hjerringfliet de skieding mei Foarne-Putten, wylst yn it suden de Grevelingen it eilân skiede fan it Siuwske Skouwen-Duvelân. Oare kant de Krammer en it Folkerak lizze yn it súdeasten it Siuwske eilân Sint-Filipslân en it fêstelân fan Noard-Brabân.

Goeree-Oerflakkee is no op fjouwer plakken mei de fêstewâl of mei oare eilannen ferbûn: oan 'e noardkant fia de Hjerringflietdaam yn it Hjerringfliet mei Foarne-Putten; yn it súdwesten fia de Brouwersdaam yn 'e Grevelingen mei Skouwen-Duvelân; yn it suden fia de Grevelingedaam op 'e grins fan 'e Grevelingen en de Krammer mei Skouwen-Duvelân en Sint-Filipslân; en yn it easten fia de Hellegatsdaam op 'e grins fan it Folkerak en it Hollânsk Djip mei Noard-Brabân. It grutste part fan it eilân bestiet noch altyd út in tinbefolke, agrarysk gebiet. It haadplak fan 'e gemeente is Middelharnis, dat min ofte mear sintraal op it eilân leit. De grutste wenkearn wurdt foarme troch it oaninoar groeide Middelharnis-Sommelsdyk.

Oant 1966 bestie Goeree-Oerflakkee út mar leafst 13 ûnderskate gemeenten, mar dat jiers waarden dy by in proses fan gemeentlike weryndieling gearfoege ta 4 nije gemeenten:

Yn 2013 waarden dy fjouwer gemeenten by in nij proses fan gemeentlike weryndieling lykwols gearfoege ta de nije gemeente Goeree-Oerflakkee, al waard dêr benammen yn Goederede fûleindich tsjin protestearre.

Wenkearnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e gemeente Goeree-Oerflakkee lizze 16 wenkearnen, wêrûnder Goederede, dat yn 1312 stedsrjochten krige en 15 doarpen. Hjirûnder de ynwennertallen per 1 jannewaris 2012:

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Goeree-Oerflakkee hie yn 2014 in befolking fan rom 48.000 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 184 minsken de km². It eilân stiet bekend as strang kristlik, mar oer it algemien kin op basis fan ferkiezingsútslaggen út it ferline (en it persintaazje stimmen dat dêrby yn 'e ûnderskate stimburo's útbrocht is op kristlike partijen) steld wurde dat Goeree-Oerflakkee fan it westen nei it easten ta wat langer wat minder kristlik wurdt. Op taalkundich mêd ûnderskiedt it eilân him trochdat der fan âlds twa Siuwske dialekten sprutsen wurde, it Goereesk en it Oerflakkeesk, wylst de rest fan 'e provinsje Súd-Hollân (útsein it doarp Eastfoarne) allinne mar Hollânske en Utertsk-Alblasserwaardske dialekten hat.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.


Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht
wizigje