Hillige Geasttsjerke (Kopenhagen)

Ut Wikipedy
Hillige Geasttsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
plak Kopenhagen
adres Niels Hemmingsens Gade 5
koördinaten 55° 40'N 12° 34'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Deenske Folkstsjerke
bisdom Kopenhagen
Arsjitektuer
boujier 1400-1450
weropbou 1730-1732
Webside
www.helligaandskirken.dk
Kaart
Hillige Geasttsjerke (Kopenhagen)
Hillige Geasttsjerke

De Hillige Geasttsjerke (Deensk: Helligåndskirken) is in lutherske parochytsjerke yn it sintrum fan de Deenske haadstêd Kopenhagen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1450 oant de reformaasje wie de tsjerke in kleastertsjerke fan de minderbruorren. By de grutte stedsbrân yn 1728 waard de hiele âlde ynrjochting fan de tsjerke ferneatige. De tsjerke waard op 'e nij boud en op 30 novimber 1732 wer ynwijd.

It Hillige Geasthûs (Helligåndshuset), in gebou dat grinzget oan de tsjerke en ea tsjinst die as hospitaal, is it grutste noch besteande midsiuwske bouwurk fan Kopenhagen. It gebou is eigendom fan de tsjerke en wurdt tsjintwurdich brûkt foar útstallings.

De Hillige Geasttsjerke is ferbûn mei de Grienlânske mienskip fan Kopenhagen. Ienris yn 'e moanne wurde hjir tsjinsten yn 'e taal fan Grienlân, it Inuktitut, fierd.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke hat in rike ynrjochting. It neamen wurdich binne benammen:

  • it alter;
  • de kânsel;
  • it moderne doopfont;
  • it histoaryske doopfont.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1879 troch de oargelbouwer Knud Olsen boud. Yn 1986 waard it oargel troch Marcussen & Søn (Aabenraa) oerarbeide en fergrutte. It instrumint hat hjoeddedei 75 registers ferdield oer fjouwer klavieren en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hillige Geasttsjerke, Kopenhagen fan Wikimedia Commons.