Jack Spijkerman

Ut Wikipedy
Jack Spijkerman

Jacob Dirk (Jack) Spijkerman (IJmuiden, 8 oktober 1948) is in Nederlânske kabaretier en telefyzje- en radiopresintator.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Learaar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spijkerman waard berne as soan fan in timmerman dy't letter personielsjef waard by Heechovens. Hy wie earst learaar oan de protestantsk-kristlike legere skoalle De Ark (tsjintwurdich De Regenboog) yn Heemskerk en oant 1990 op de kristlike Basisskoalle de Sluis yn Zeist. Ek wie hy (oant 1985) dosint Nederlânsk, Godstsjinst en Hânfeardigens oan de Zinzendorf mafû yn Zeist.

Radio[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1981 rjochte Spijkerman de kabaretgroep Dubbel en Dwars op, dy't yn 1982 meidie mei it Leiensk kabaretfestival en de publykspriis wûn. Yn 1985 krige hy by de VARA syn eigen radioprogramma op Radio 3: De Steen en Been Show, dat hy ôfwikseljend mei Henk Westbroek en Dolf Jansen presintearre.

Yn dit programma wie hy de man dy't mei neatfermoedzjende petearpartners ûnsinnige telefoanpetearen hie, wêryn hy net besteande foarwerpen lykas de drevelkneiper, de kluunwapse en de zuigtrompet behannele. Dêrnei spile hy in seizoen lang it spultsje De Kwisbast, wêryn't hy "harkrs" fan meastal net besteande lokale radiostasjons ûnsinnige prizen winne liet lykas in drukaars, in stokhoes, in Brabantse slipsnifter, droogknoeper, sper-matje of in navelschep. Doe't Spijkerman bekender waard mei it fieren fan dit soarte tillefoantsjes yn Nederlân, ferskode hy syn wurkterrein nei Belgje.

Yn 1988 makke Spijkerman syn debút as presintator fan it programma Spijkers met koppen, dat sneons op Radio 2 útstjoerd waard.

Telefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1986 ferskynde hy foar de earste kear op de telefyzje yn VARA's Nachtshow. Sûnt begjin jierren njoggentich ferskynde hy geregeld ek op telefyzje. Yn 2002 wûn hy mei it amusemintsprogramma Kopspijkers (dat mear as 2 miljoen sjoggers luts) de Gouden Televizier-Ring foar it bêste programma fan it jier. In jier letter wûn hy as telefyzjeman fan it jier sels ek in Sulveren Televizier-stjer.

Yn 2005 waard Spijkerman troch de fiskus fertocht fan belestingûntdûking mei in dubieuze BV-konstruksje. Op 29 maart dat jier waard Spijkerman mei in klaplong yn it sikehûs opnomd.

Op 27 april 2005 waard yn RTL Boulevard it geroft befêstige dat Jack Spijkerman mei Kopspijkers nei Talpa woe. Op sneintejûn soe hy in sportprogramma presintearjen gean. Dyselde jûn waard yn NOVA yngien op de motivaasje fan Spijkerman. Hy soe aaien foar syn jild kiezen wold hawwe: as de polityk amusemint op de Nederlânske publike omrop ferbiede soe, soe de baan fan Spijkerman by de VARA op it spul komme te stean. De VARA hâlde him lykwols oan syn kontrakt, dat noch twa jier trochrinne soe. Op 28 april waard Kopspijkers per direkt fan de buis helle.

Op 27 july 2005 waard it kontrakt beëinige. De VARA dielde mei dat it gjin koart geding mear oanspanne soe, mar beide partijen woenen net yngean op de details. Middels in koart geding woe de VARA Spijkerman oan syn kontrakt hâlde of in ôfkeapsom ôftwinge.

Sûnt de start fan Talpa makke Spijkerman tegeare mei Humberto Tan by Talpa it programma Café de Sport. Nei in healjier stoppe Spijkerman lykwols by Café de Sport om him folslein ta te lizzen op syn eigen opfolger fan Kopspijkers, neamd Koppensnellers dat lykwols in soad krityk krige.[1]. In soad fan syn eardere publyk namen him kwea-ôf Spijkerman syn rol as kritysk 'links gewisse' ferkwânsele hie troch foar it grutte jild te kiezen.

Wyls wurke Spijkerman foar Talpa/Tien oan nije formats: in deistich taalprogramma en in late night aktualiteitenrubryk mei de wurktitel "Dit Was De Dag"[2].

RTL, dat de measte BN'ers fan Tien oernomd hat neidat dy stjoerder stoppe wie, melde op 15 july 2008 gjin ynteresse mear te hawwen yn Spijkerman, dy't earder bekend makke in 'satirysk konsuminteprogramma' meitsje te wollen. Op dat stuit like it der op dat Spijkerman gjin wurk mear hie[3], mar hy wurket noch altiten foar Talpa Media, by ûnder oare Radio Digitaal.

Yn de hjerst fan 2009 starte Spijkerman in eigen sneontejûnshow by RTL4, in aktueel entertainmentprogramma, Wat vindt Nederland?.[4] De earste ôflevering fan Wat Vindt Nederland? lûkt 1.080.000 sjoggers.[5]

Nei 27 maart 2010 presintearre Spijkerman it nije tv-programma Echt Waar?!. Yn it nije RTL 4-programma nimme Tijl Beckand en Ruben van der Meer it tsjin inoar op. Beckand en Van der Meer jouwe, yn in reaksje op in fraach, elk harren eigen útlis en it publyk moat bepale wa't gelyk hat.

Sûnt 2013 presintearre Spijkerman de kwis 'Koning Voetbal' foar RTL7. Dat die er twaris it jier. Yn juny 2016 makke Spijkerman buorkundich dat er ophâld mei telefyzje.[6]

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De measte minsken sprekke "Jack" út op syn Ingelsk (Dzjek). Spijkerman sels seit "Jek"; mei in knypeach nei it kontrakt dat hy mei Talpa sluet waard hy ek wol "cheque" neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. De Wereld Draait Door, 2 maart 2007
  2. Jack Spijkerman verwacht dagelijks taalprogramma bij Tien Zappen.blog.nl, 3 maart 2007
  3. "RTL niet in zee met Jack Spijkerman" NU.nl, 15 july 2008
  4. RTL4 gaat toch in zee met Jack Spijkerman Volkskrant 20 maaie 2009
  5. Jack trekt meer dan een miljoen kijkers Tienfan.nl , 30 aug 2009
  6. Jack Spijkerman stopt definitief met televisie maken. 20 juny 2016, Nu.nl