Joe Jackson

Ut Wikipedy
Joe Jackson

Joe Jackson (berne as David Ian Jackson yn Burton upon Trent, 11 augustus 1954) is in Britsk muzikant dy't tsjintwurdich yn Berlyn wennet. Hy is by it grutte publyk bekend mei it nûmer "Is She Really Going Out with Him?" (1979) dat ta de klassikers yn de popmusyk rekkene wurdt.

Mei Elvis Costello en Graham Parker foarme Joe Jackson de Britske foarhoede fan de New Wave dy't de yn de jierren 70 de punkscene muzikaal útdage. Nei in suksesfolle perioade mei populêre rock en new wave musyk yn it begjin fan syn karriêre lei Jackson him ta op kommersjeel minder oanslaande kombinaasjes fan stilen as pop, jazz en klassyk.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jackson begûn op jonge leeftyd fioele te spyljen, mar stapte al gau oer op de piano. Fan syn 16e ôf spilet er regelmjittich yn bars en clubs en kriget er in stúdzjebeurs foar de Keninklike Musykakademy yn Londen.

It foarútsjoch om in serieuze komponist te wurden luts him net echt, dat hy stapte de popwrâld yn mei de band Arms and Legs. De band foel nei twa net al te suksesfolle jierren útinoar. Dêrnei spile hy in skoft yn teaters en naam in tal demo's op. Yn 1978 krige hy in kontrakt by A&M Records.

Fuort dêrnei wurdt it album Look Sharp! opnommen en yn 1979 útbrocht. Yn 1980 folgje de albums I'm the man en Beat Crazy. De Joe Jackson band wie tige suksesfol mei har albums en wie in populêre live band. De groep bleau lykwols net lang by elkoar en Joe die in stap werom út de wrâld fan pop en rock en naam in album mei âlde jazz en swingnûmers op.

Hy ferhuze nei New York dêr't er mei it idee spile om in pop-album op te nimmen sûnder gebrûk te meitsjen fan gitaren. Elkenien ferklearre him foar gek, omdat de gitaar oant dat momint ít ynstrumint wie yn de popmusyk. Syn album Night and Day is lykwols in grut sukses (1982). It giet, lykas it lettere Night and Day 2, oer it libben yn New York. It album jout in goed byld fan de ferskillende musykstilen en kultueren dy't op dat stuit yn de Big Apple libje.

Joe Jackson syn leafde foar guon klassike, symfoanyske muzyk is suver yn al syn albums wol werom te hearren en stekt yn de rin fan syn karriêre mei regelmaat prominint de kop op. It ynstrumintale Symphony No. 1 en it klassike album Will Power binne dêr foarbylden fan. In kommersjeel sukses waarden dy albums net, al waard Symphony No. 1 wol beleanne mei in Grammy Award foar it Bêste Ynstrumintale Pop Album. Op dat album is ûnder oaren de gitaarfirtuoas Steve Vai te hearren. Hy wie de ienige dy't by steat wie in 'ûnmooglik te spyljen solo' yn Jackson syn komposysjes út te fieren. It besykjen fan Jackson om klassike en lichte musyk te kombinearjen waard troch it gruttere publyk wol wurdearre: Night Music (1994) en Heaven and Hell (1999) binne dêr foarbylden fan, wêrfan dy lêste it meast suksesfol wie.

Yn 2003 komt de Jackson Band nei jierren wer byelkoar en nimt de CD Volume 4 op, folge troch in wrâldtoer. It album Afterlive ûntstiet yn de rin fan dy toer. Fan Afterlive binne yn Nederlân twa ferzjes op 'e merk brocht: de ynternasjonale en ien dêr't in grut part fan it konsert fan 30 maaie 2003 yn de Heineken Music Hall oan taheakke is.

In grut part fan it wurk fan Jackson is ta syn frustraasje, net mear op de merk. It wurk opnommen by A&M is fia Polygram úteinlik yn hannen kaam fan Universal dy't in floed oan sammel- en 'Greatest Hit' albums útbrocht hat.

Mei regelmaat hat Jackson yn de lêste tsien jier konsertsearjes jûn yn sawol de Feriene Steaten as Europa. Fan 2006 ôf mei syn âlde maten, bassist Graham Maby en drummer Dave Houghton. Yn 2008 ferskynde fan it trio de nije CD Rain. Fan de Europeeske tour yn 2010 is it album Live Musyk útjûn. Yn 2012 wurdt it album The Duke útjûn, mei Joe's ynterpretaasje fan de musyk fan Duke Ellington. Jackson hat foar dat projekt gearwurking socht mei in grut ferskaat oan artysten: rock ikoan Iggy Pop, de Iraanske sjongeres Sussan Deyhim, de Portugeeske band Zuco 103, en âlde bekenden as Steve Vai, Vinnie Zummo en Sue Hadjopoulos. It album wurdt produsearre troch Elliot Scheiner.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Orizjinele albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Joe Jackson
  • Look Sharp! (1979, A&M)
  • I'm the Man (1979, A&M)
  • "The Harder They Come" (EP, 1980)
  • Beat Crazy (1980, A&M)
  • Jumpin' Jive (1981, A&M)
  • Night and Day (1982, A&M)
  • Mike's Murder Movie Soundtrack (1983, A&M)
  • Body and Soul (1984, A&M)
  • Big World (1986, A&M)
  • Will Power (1987, A&M)
  • Tucker Original Soundtrack (1988, A&M)
  • Blaze of Glory (1989, A&M)
  • Laughter & Lust (1991, Virgin)
  • Night Music (1994, Virgin)
  • Heaven & Hell (1997, Sony)
  • Symphony No. 1 (1999, Sony)
  • Night and Day II (2000, Sony)
  • Volume 4 (2003, Rykodisc)
  • Rain, (2008, Rykodisc)
  • The Duke (2012)

Live albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Big World (1986)
  • Live 1980/86 (1988, A&M)
  • Summer in the City: Live in New York (2000, Sony)
  • Two Rainy Nights (2002, Great Big Island)
  • AfterLife (2004, Rykodisc)
  • Live at the BBC (2009, Spectrum)
  • Live Music (2011, Rykodisc)
  • Live in Germany 1980 (2011, Immortal)

Kompilaasje albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Stepping Out: The Very Best of Joe Jackson (1990)
  • This Is It! (The A&M Years 1979–1989) – Joe Jackson) (1997, A&M)
  • Joe Jackson – Collected (2010, Universal Nashville)

Fideo albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Steppin' Out: The Videos (The Very Best of Joe Jackson) (2001, A&M)
  • Joe Jackson – 25th Anniversary Special (2003, Image Entertainment)

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • A Cure for Gravity (1999, PublicAffairs)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: