Juw fan Eysinga

Ut Wikipedy

Juw, of Julius fan Eysinga (1564 - Wurdum 4 maaie 1631) wie de jongere broer fan Aede fan Eysinga en soan fan Frâns fan Eysinga en fan dy syn earste frou Lisck fan Jousma.

Gie yn militêre tsjinst, wie earst kapitein, letter luitenant-kolonel fan it Frysk-Nassausk rezjimint en tsjinne ûnder de prinsen Maurits en Frederik Hendrik. Yn 1592 wie hy ûnder Maurits by Stienwyk, yn 1604 hâlde er mei syn Friezen stân, doe't Spinola by Cadzand besocht om troch te brekken om Sluis te ûntsetten. Yn 1622 rêde hy mei de kapiteins Bootsma en Donia Fryslân fan in geduchte strooptocht fan de Spanjerts, dy't needsake waarden yn sân hasten werom te lûken. Yn 1627 mei syn Friezen belutsen by it belis fan Grol. Yn de muorre fan de tsjerke fan Wurdum dêr't er begroeven leit, is noch in mânske, fraai bewurke grêfstien, wêrop syn byltnis yn harnas ten fuotten út en mear as libbensgrut úthoud is, omjûn troch de byldhoude wapens fan syn 16 kertieren; it gehiel mei in ûnderskrift yn Latynske ferzen.

Hy troude Rinthje fan Gratinga, dochter fan Rienck en fan Catharina fan Aesgema, en krige trije dochters. De twadde dochter, Anna fan Eysinga, troude earst mei Here fan Burmania, dy't 7 augustus 1632 as ritmaster foar Maastricht sneuvele, dêrnei mei Philip fan Boshuysen, grytman fan It Bilt. Nei de dea fan dizze twadde man stichte Anna fan Eysinga yn Ljouwert it Boshuyser-gasthûs.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Jaarboek Nederlandsche Adel III, 62, 67;
  • Bosscha, Neerl. Held. te Land I, 219 noot 1, 314, 330, 336;
  • Vondel Veroveringh van Grol.