Britt Ekland

Ut Wikipedy
Britt Ekland thús yn Chelsea Londen, 1992
Ekland mei Peter Sellers, 1964

Britt-Marie (Britt) Ekland (Stokholm, 6 oktober 1942) is in Sweedsk aktrise. Sy waard it meast ferneamd troch har rollen yn The Night They Raided Minsky's, Baxter!, The Double Man, Get Carter, de kultfilm The Wicker Man en The Man with the Golden Gun.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Britt Ekland waard berne yn Sweden, mar ferhuze letter nei Ingelân dêr't sy ferneamd waard troch har houlik mei Peter Sellers yn 1964. Yn Rome wie Ekland earder troch in talintscout fan 20th Century Fox Studios ûntdekt en nei Peter Sellers yn Hollywood stjoerd. Yn 1965 waard harren dochter Victoria berne. Sy hawwe tegearre twa films makke. Desimber 1968 binne sy offisjeel út elkoar gien. Mids jierren '70 hie Ekland in ferhâlding mei rockmuzikant Rod Stewart, dy't foar it liet You're in My Heart skreau. Fan produsint Lou Adler hat Ekland in soan, Nicholai (1973).

It hichtepunt yn Ekland har filmkarriêre kaam mei de rol fan Bond-famke yn de James Bond-film The Man with the Golden Gun (1974). Yn dy film spile sy neist Roger Moore en Christopher Lee. Ekland hie al earder audysje dien foar de rol fan Bond-famke yn de earste Bondfilm Dr. No (1962), mar dy rol gie doe nei Ursula Andress.

Nei 1990 hat sy gjin filmrol mear hân, mar wie sy wol út en troch yn it teater en yn rollen op telefyzje te sjen, sawol yn Ingelân as Sweden.

Ekland mei graach fitnessje en dêrom hat sy yn 1984 in boek oer fitness skreaun en yn 1992 makke sy ek in fitnessfideo.

Filmografy (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1962: The Happy Thieves
  • 1965: Too Many Thieves
  • 1966: Caccia alla volpe (Jei op de foks)
  • 1967: The Bobo
  • 1967: The Double Man
  • 1968: The Night They Raided Minsky's
  • 1969: Stiletto
  • 1971: Diabólica malicia
  • 1972: Asylum
  • 1972: Get Carter
  • 1973: The Wicker Man
  • 1974: The Man with the Golden Gun - as Bond girl
  • 1978: Slavers (Regy: Jürgen Goslar)
  • 1978: King Solomon's Treasure
  • 1985: Marbella, un golpe de cinco estrellas
  • 1985: Fraternity Vacation
  • 1987: Moon in Scorpio
  • 1989: Scandal - as prostituee Mariella Novotny

Autobiografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Eklund, Britt, True Britt, Simon & Schuster (febrewaris 1984) ISBN 0139310894

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Britt Ekland fan Wikimedia Commons.