Edzard fan Grovestins

Ut Wikipedy
Tinkstien foar jonker Edsardt fan Grovestins yn de tsjerketoer fan Easterein

Edzard fan Grovestins (doopt Wommels, 7 jannewaris 1655 - 30 desimber 1729) wie grytman fan Hinnaarderadiel en deputearre fan Fryslân.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonker Fan Grovestins, doopt as Idsert fan Grovestins, wie de soan fan de grytman fan Hinnaarderadiel Oene fan Grovestins en van Idske fan Hottinga. Hy folge yn 1671 syn heit op as grytman fan Hinnaarderadiel. Omdat hy op dat stuit noch minderjierrich wie waard syn heit yn it begjin fan syn abtsperioade oanwiisd as subtsitút (plakferfanger). Yn de perioade 1689 - 1692 wie hy deputearre fan Fryslân foar Westergoa. Yn 1706[1] waard hy opfolge as grytman troch Idzard fan Sminia. Dy syn heit Hobbe Baerdt fan Sminia, yn 1697 de ien nei rykste Fries mei in rûsd fermogen fan 450.000 gûne, hie it grytmanskip fan Hinnaarderadiel foar 38.000 gûne fan Grovestins kocht foar syn soan.[2]

Grovestins troude yn 1677 mei Orsel fan Burmania, dochter fan kolonel Feijo fan Burmania en Sjouk fan Hania. Yn de tsjerke fan Stynsgea is in jûnsmielbeker, dy't yn 1683 oan de tserke skonken waard troch it echtpear Fan Grovestins. Op de beker it jiertal 1683 mei de kroane alliânsjewapens Grovestins-Burmania en in ynskripsje[3]:

IO. Edzardt A. Grovestins grietman ower Henaarderadeel an. 1683
Jr. Orsel van Burmanie sijn frou

Yn de tsjerketoer fan Easterein sit in tinkstien foar Fan Grovestins (sjoch ôfbyld). Hy joech yn 1688 de opdracht om de tsjerketoer, dy't troch de bliksem troffen wie en skuorren fertoande, te werstellen:

Ter Gedachtenisse
De Hoogh.Edel Gebooren Heer Jr. Edsardt van
Grovestins Grietman van Hennaarderadeel, en meede
Gedeputeerde Staat van Frieslandt, heeft volgens
sijn Ed: wyse directie en gegeven ordere dese tooren
van godt door den donder gescheurt ofte aent spleeten

geraeckt laten herstellen, decken en oprechten door
de E: ontfanger Doekle Hettes en Wybbe Ulbes, kerck
vooghden tot Oosterendt, gesterkt met de gecommit-
teerde ingesetenen ten overstaen van Do Duco Silvius
predikant aldaer in den jare 1688.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. It jiertal 1706 wurdt fermelde troch Hobbe Baert fan Sminia yn de Nieuwe naamlijst van Grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795. Ek Van der Aa neamt 1706 yn Biographisch Woordenboek der Nederlanden [1]. Yn de oantekening by de famylje Fan Sminia yn it argyf fan de famylje Fan Eysinga-Vegelin fan Claerbergen is lykwols sprake fan in keap fan it grytmanskip yn 1708
  2. Argyf Famylje Fan Eysinga-Vegelin fan Claerbergen
  3. Tsjerkepaad Augustinusga 2009