Boerum

Ut Wikipedy
Boerum
It Grutte Ear
It Grutte Ear
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 615 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 8,67 km², wêrfan:
- lân: 8,55 km²
- wetter: 0,13 km²
Befolkingsticht. 92 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 16' N 6° 13' E
Offisjele webside
www.burum-online.nl
Kaart
Boerum (Fryslân)
Boerum

Boerum (Frysk en Kollumerlânsk; Nederlânsk en offisjeel: Burum) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Boerum leit noardwestlik fan Fisfliet, súdwestlik fan Pietersyl, eastlik fan Augsbuert-Lytsewâld en besuden Warfstermûne. De doarpskearn fan Boerum leit oan de Kleasterwei, Hearestrjitte, Doctor Meihuizenstrjitte en Beijenstrjitte om de terp fan Boerum.

De buorskippen De Kegen en Skernehuzen hearre ek by Boerum. Earder hearde Warfstermûne ek by Boerum mar dat is al in tiid in selsstannich doarp.

Boerum hat 615 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boerum is in terpdoarp, yn de betide midsiuwen ûntstien op in kwelderwâl. It doarp waard yn 1408 foar it earste neamd yn in oarkonde, dêr't yn stiet dat de Boerumers de tsjerke oerdroegen oan de abt fan it kleaster Jeruzalem yn Gerkeskleaster. It wurdt dan Burum neamd, de troch de mûntsen ferlatynske foarm fan "de buorren".

Yn de buorren hawwe yn de rin fan de tiid feroarings om de tsjerke hinne west, oan de Uithof en de Hearestrjitte bylâns dy't de trochgeande rûte fan súd nei noard foarmjen gie en it doarp in langhalich karakter joech. Om de tsjerke stiet de Uithof, in fariaasje oan wenten dêr't it pân Uithof 4 (± 1840) mei in sûterrên en in oer in trepbordes berikbere haadferdjipping fan opfalt. Oan De Wendel is yn 1878 op it stee fan de âlde pastorij yn in grutte tún in nijenien setten, in grutte blokfoarmige middengongwenning mei in ferdjippe portyk. Ek oan de Hearestrjitte steane in oantal soksoarte wenten, inkelde mei dekorative eleminten.
Krekt eastlik fan de terp lei de wichtige Eysmastate.

Boerum hearde oant de gemeentlike weryndieling yn 2019 by de gemeente Kollumerlân.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It frouljuskleaster Galilea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1204 stifte it sistersjenzer kleaster Jeruzalem it frouljuskleaster Galilea besuden Boerum. Dat wie ornearre foar "gewoane" froulju. It kleaster hie in hechte bân mei it doarp. Sa wie bygelyks de prior faak ek pastoar fan Boerum. Yn 1479 kaam der in skieding tusken it besit fan Jeruzalem en Galilea. Galilea krige 720 pûnsmiet lân. Dat besit wreide him troch lettere skinkings fierder út.

Mei de reformaasje yn 1580 ferfoel it besit oan de Steaten fan Fryslân. Sa stadichoan waard it kleaster ôfbrutsen. Doe't der yn 1585 in skâns oanlein wurde moast yn Muntsjesyl, waard wat noch oer wie dêrfoar brûkt. Op it plak dêr't it kleaster stien hat, Fryske Strjitwei 1-3 oan de súdkant fan de dyk, leit no in monumintale kop-hals-romppleats út lukernôch 1905.

It kleasterbesit bestie út 24 pleatsen mei yn 't gehiel 1.180 pûnsmiet lân. Om de safolle tiid ferkochten de Steaten der nei 1600 wer in part fan. Wol moasten de keapers fan dat lân mei-inoar it traktemint fan de dûmny opbringe en de tsjerke en de skoalle ûnderhâlde. In protte fan it besit kaam yn hannen fan Sjouck van Fogelsangh, dy't fan harsels in Donia wie.

De tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Boerum).
De Terptsjerke

De Terptsjerke waard yn 1784 boud. De preekstoel mei moai houtfykwurk is fan 1754. Ek hat de tsjerke hearebanken; de moaiste dêrfan is faaks dy fan de famylje Fogelsangh.

De rjochtstien

Op it tsjerkhôf is yn 1969 de op 'e nij fûne rjochtstien werom set. De abt fan Gerkeskleaster beneamde de doarpsrjochter. Der waard rjocht sprutsen yn de iepenloft op it wijde tsjerkhôf. In tinkstien yn de tsjerkemuorre ferwiist dêrnei. Foar de tsjerke oer stiet de yn 1878 yn eklektyske styl boude pastorij, in middengonghûs.

De eardere grifformearde skoalle
De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Boerum).

De grifformearde tsjerke út 1895 is in ienfâldige sealtsjerke. De grifformearde gemeente fan it doarp is lykwols âlder; dy waard nei de Ofskieding fan 1834 yn 1835 persoanlik troch Hendrik de Cock stichte as earste grifformearde tsjerkemienskip fan Nederlân.

De mûne Windlust[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Windlust
De Wikipedy hat ek in side Wynlust (Boerum).

Njonken de tsjerketoer falt by it doarpsoansjen benammen de mûne op. Op it plak fan Windlust út 1787, de tsjintwurdige mûne twa kilometer nei it súdwesten oan de Grinzer Strjitwei, waard yn 1694 al in mûne neamd. De nôt- en pelmûne Windlust sels datearret út 1787.

Yn 1997 ferkocht de lêste partikuliere eigner de mûne oan de doetiidske gemeente Kollumerlân en de mûne kaam doe yn behear fan de monumintekommisje fan de gemeente. Yn 1999/2000 waard de mûne restaurearre en mealree makke. Sûnt 6 maaie 2000 wurket de mûne wer mei frijwillige mûnders. Der is in bân ûntstien mei de mûne "De Immigrant" yn Fulton, (Illinois (steat)|) yn de Feriene Steaten. Op 8 april 2012 baarnde de mûne ôf en yn 2014 folge weropbou. Stichting Erfgoed Kollumerland & Nieuwkruisland krewearre mei súkses dat de nije mûne op 6 oktober 2014 wer de status fan momumint krige.

It Greate Ear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

it grûnstasjon by Boerum

Boerum is benammen ek bekend fanwege It Greate Ear, in grûnstasjon foar satellytkommunikaasje, likernôch in kilometer noardwest fan it doarp oan de ein fan de Wytsmawei. It waard yn 1962 boud troch de PTT, en de satellytkommunikaasjeteleskoop dêr krige doe yn de folksmûle de namme "it grutte ear". It tal teleskopen is groeid, mar it hjoeddeiske stasjon, yn besit fan Xantic B.V, in gearwurkingsferbân fan Austraalje, Noarwegen en Nederlân, fiert de namme no ek offisjeel. Op it stasjon wurdt it satellytferkear ûntfongen dat dan fia kabels fierder ferstjoerd wurdt nei de klanten. Njonken de gearwurkende lannen meitsje ek omlizzende lannen gebrûk fan it stasjon, dat tegearre mei de tsjinhinger yn Perth (Austraalje) hast elts punt boppe de ierde dekt.

Doarpswapen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de waachskeal kinne twa betsjuttings jûn wurde; earst stie yn Boerum in waach en twads waard yn dit doarp rjocht sprutsen. Dat barde oan de râne fan it tsjerkhôf. Yn de dagen dat de abt fan Gerkeskleaster noch de rjochtsfoech oer Boerum hie, sieten de rjochters op de grutte stien, dy't noch altiten op de hoeke fan it tsjerkhôf leit. De stien stiet as oantinken yn it wapen, it swarte krús op de stien ferwiist nei de jurisdiksje fan de abt oer Boerum.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De feriening foar Pleatslik Belang hjit "Iendracht". It doarpshûs fan Boerum oan de Meihuizenstrjitte hjit Toutenburg. De jachthaven hjit De Dwinger.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar in part 17e en foar in part 19e-iuwsk pân oan de Uithof 4

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Biljertklub De Klos
  • Brassband Advendo
  • Follybalferiening DES
  • Iisklup
  • Kuorbalklup Boelensloane
  • Motorklub 'De Uneinige horizon'
  • Wettersportferiening

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1848 1954 1959 1964 1969 1974 2005 2015 2020
Ynwenners 1.569 786 670 599 639 686 625 215 604

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De strjitten fan Boerum binne:

  • Bleijensteinstrjitte
  • De Meerpaal
  • De Wendel
  • H. Sipkesstrjitte
  • Hearestrjitte
  • Hoogstrjitte
  • Keegensterwei
  • Kleasterwei
  • Rosemastrjitte
  • Skipsleat
  • Tsjerkepaad
  • Uithof
  • Van Eijsingawei
  • Wytsmawei

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
wizigje