Okke Geerts Kluin

Ut Wikipedy

Okke Geerts Kluin (Grinslânsk: Kluun; Kantens, 15 desimber 1813 - Grins, 12 april 1838) wie de lêste Grinslanner dêr't de deastraf by útfierd is.

Kluin syn namme libbet noch yn de útdrukking: "Hest meer geluk had as Okke Kluun, want dij mos hangen" (Do hast mear gelok hân as Okke Kluin, want dy moast hingje), it wurdt sein as immen oan in ûngemak ûntkaam is. In fariant is: "Doar bist beter of komen as Okke Kluin, want dij mos hangen". Somtiids (yn beide gefallen) folge troch: "tot hai doodstil hing". Dit lêste ferwiist nei it plakje Doodstil.

Okke Geerts Kluin hie yn 1837 de widdo Marijke Arends Taaisma fermoarde om oan jild te kommen. Dat barde yn it doarp Doodstil, nei't Okke in jûn oan 't drinken west wie yn Uithuizen en er syn jild ferspile hie by it kaartspyljen. Neffens in oare ferzje fan it ferhaal hie er dat jild krekt nedich om kaartspylje te kinnen.

Op 12 april 1838 waard er foar dit fergryp op de Grutte Merk (Grins) ophongen; syn deadshimd wurdt bewarre yn it Grinzer Museum.