Pieter Scheen

Ut Wikipedy

Pieter Arie Scheen (Den Haach, 1 april 1916 - Apeldoarn, 10 novimber 2003) wie in keunsthanneler dy't bekend is fan it twadielige standerdwurk Lexicon van Nederlandse Beeldende Kunstenaars 1750-1950 , út 1969-1970. Hy krige dêrfoar yn 1971 de Buchelius-priis.

Hy begûn as selsstannich keunsthanneler yn 1931 en ferkocht meast wurk fan de Hollânske Romantyk en de Haachske Skoalle.
Yn 1946 ferskynt syn earste publikaasje; Honderd jaren Nederlandsche Schilder- en Teekenkunst mei feiten oer 3000 skilders berne tusken 1750 en 1850. Yn 1950 selektearre er de yllustraasjes foar Gerben Colmjon's publikaasje oer de skilders fan de Haachske Skoalle. Troch it opsetten fan útstallingen, ûnder oaren in grutte oer de romantyske skilder Wijnand Nuijen (1813-1839), hat Scheen bydroegen oan de wurdearring fan Nederlânske 19e-iuwske skilderkeunst.

It ferfolch op de publikaasje fan 1946 komt yn 1970 mei it Lexicon van Nederlandse Beeldende Kunstenaars 1750-1950 dêr't er doe ek byldhouwers, keramisten, goud- en sulversmeden, ensafuorthinne, yn opnaam.

Yn 1975 docht er syn hannel oer oan syn skoansoan Joop Breeschoten en ferfart er mei syn frou nei Frankryk. Seis jier letter komme hja werom en leit Scheen him ta op de opfang fan fûgels yn Apeldoarn.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Honderd Jaren Nederlandsche Schilder en Teekenkunst; De Romantiek met voor- en natijd (1750-1850). De Haach: Boek en Periodiek, 1946; [in collaboration with] Gerben, Colmjon.
  • De Haagse School: de vernieuwing van onze schilderkunst sinds het midden der negentiende eeuw. Rijswijk: Leidsche Uitgeversmij., 1950;
  • Lexicon Nederlandse Beeldende Kunstenaars 1750-1950. 2 dielen De Haach: Keunsthandel Pieter A. Scheen N. V., 1969-1970;
  • Scheen, Pieter, jr. Lexicon Nederlandse Beeldende Kunstenaars 1750-1880. Opnij besjoen P. Scheen. De Haach: Utjouwerij Pieter A. Scheen BV, 1981.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De Bruijn, jr., H. C. �Pieter Scheen, kunstambassadeur met ere.
  • Dictionary of Art 28: 65; De Leeuw, Ronald, en Sillevis, John, en Dumas, Charles, red. The Hague School: Dutch Masters of the 19th Century. Londen: Royal Academy of Arts/Weidenfeld en Nicolson, 1983, s. 134.