Iisklub Foarút (Akkrum)

Ut Wikipedy

Iisklub Foarút fan Akkrum is oprjochte op 1 febrewaris1862 ûnder de namme Voaruwt. Neidat der yn 1861 en 1862 winters west hiene dat skippen ynferzen sieten en in soad kastleins hurdriderijen organisearren kaam der in iisklub. Dit om hurdriderijen better en earlijker ferride te litten.. By de oprjochten wienen der 18 leden mei W. Osinga as foarsitter. Der binne sûnttiids in soad koartebaanriderijen hâlden. Yn de mande mei de iisklub fan Grou waard twa kear in Skatetoertocht hâlden. Op de jierfergadering wurdt nei it saaklike gedielte in sprekker útnûge. Sa kamen iis-VIP's as Henk Kroes, Jeen van den Berg, Jan Charisius, Jan Ykema, Sake Santema, Johannes Lolkama, Atje Keulen-Deelstra en Rein Zwart nei Akkrum.

Lokaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it earstoan waarden de wedstriden ferriden op de Meinesleat, dêrnei op de âlde iisbaan foar it plak dêr't no garaazje Fennema sit, oan it spoar, en sûnt 1968 op de nije baan oan de UT-wei. Dizze baan is destiids troch boargemaster Anker iepene. Yn 1975 is der mei de fuotbalklub in mienskiplike kantine en klaaigelegenheid boud. Yn it jier 2000 kaam der in nije moderne baanferljochting.

Sûkelarjewedstriden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de skoalbern waard yn 1885 Lyts Voaruwt oprjochte. It findel dêrfan hinget no yn de kantine fan sportkompleks De Meine. De tradysje om – by genôch iis- earst in riderij foar de skoalbern oftewol de sûkelarjewedstryd te hâlden bestiet noch. Wa't ferlern hat krijt in sûkelarjereep.

Hichtepunten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de rin fan de tiid binne meardere Fryske Kampioenskippen hâlden, it Jeugd Kampioenskip fan Boarnsterhim, twa belslidewedstriden yn 1964, 1997. Fierders de iismaraton troch Akkrum oftewol de Lus fan Akkrum yn 1986 en 1997 dy't yn gearwurking mei Sport Real en de Iiswegensintrale organisearre binne. Ynwenners dy 't de Alvestêdetochten folbrocht hawwe yn 1963, 1985, 1986 en 1997 waarden troch Foarút huldige. Yn 1987 ferskynde it Jubileumboek fan Foarút.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: