Saffron Burrows

Ut Wikipedy
Saffron Burrows
akteur
Burrows op it Karlovy Vary Film Festival 2008
Burrows op it Karlovy Vary Film Festival 2008
persoanlike bysûnderheden
echte namme Saffron Dominique Burrows
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk britsk

flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk

berne 22 oktober 1972
berteplak Londen
jierren aktyf 1993–no
prizen Blockbuster Entertainment Award, Screen Actors Guild Awards (nominaasjes)
offisjele webside
IMDb-profyl

Saffron Dominique Burrows (22 oktober 1972) is in Ingelsk aktrise en earder fotomodel.

Bernetiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Burrows waard berne yn Londen, Ingelân yn in polityk aktive sosjalistyske hûshâlding.[1] Har heit is arsjitekt en learaar. Mei 15 jier waard hja ûntdekt as model en dat slagge bêst yn de neifolgjende jierren.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Burrows hie har filmdebút yn In the Name of the Father (1993). Har earste wichtige rol wie dy fan in ambisjeuze Ierske frou yn Circle of Friends (1995). Ferfolgens ferskynde hja yn Hotel de Love (1996). Dan yn 1999 yn de sci-fi Wing Commander (1999), de thriller Deep Blue Sea, en de eksperimintele film The Loss of Sexual Innocence, ensafuorthinne, sjoch tabel.

In wichtige rol hie sy ek as advokaat Lorraine Weller yn ABC's Boston Legal (Seisoen 4) fan 2007-2008 en yn NBC's nije rige, My Own Worst Enemy, oant dêr mei opholden waard.

Yn 2008 ferskynde hja yn de ûnôfhinklike film The Guitar, dy't foar it earst te sjen wie op it Sundance Film Festival en ek hie hja in stjerrol yn de film The Bank Job.

Sûnt 30 maart 2010 is se te sjen yn Law & Order: Criminal Intent as plysje Serena Stevens. Hja ferfong Julianne Nicholson dy't plysje Megan Wheeler spile oant de ein fan it achtste seizoen.

Persoanlik libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Burrows wie in persoanlike freon fan politikus Tony Benn.[2] Sy is ek sosjalist en bewûnderet de Frânske sosjaliste Ségolène Royal tige.[3] Sy gie by in anty-rasismegroep doe't se 11 jier wie en waard fise-foarsitter fan de National Civil Rights Movement en hja is warber foar gelike rjochten fan ynfaliden.

Burrows ûntfâlde yn 1999 dat hja leaver ferkearing mei froulju as manlju hat.[4] Hja hie in tal jierren omgong mei filmregisseur Mike Figgis en spile yn guon fan syn films, sa as Miss Julie en Timecode.

Nei't dy ferhâlding dien wie, is sy wat romantyk oanbelanget yn ferbân brocht mei aktrise Fiona Shaw.[5][6][7] Beide aktries hawwe hjir gjin kommintaar op leverje wolt. Yn 2006 sette de Independent on Sunday har op nûmer 90 fan meast ynfloedrike homoseksuele persoanen yn it Feriene Keninkryk,[8] nettsjinsteande dat hja sels nea in útspraak oer har seksuele foarkar dien hat. Lykwols sei in eardere feint fan har, Alan Cumming, yn 2003 I was really lucky that the first relationship I had after [my divorce] was with Saffron, who's really...understanding and a broadminded person. And who's now...As I'm sure you know...Well. She bats for both teams, too.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Film
Jier Film Rol Oantekenings
1993 In the Name of the Father Famke yn kommune
1995 Welcome II the Terrordome Jodie
Circle of Friends Nan Mahon
1996 The Shaman Koarte film
I Bring You Frankincense Sarah Brown Koarte film
Hotel de Love Melissa Morrison
1997 Lovelife Zoey
Nevada Quinn
One Night Stand Supermodel
The Matchmaker Moira Kennedy Kelly
1999 Wing Commander Lt. kommandant. 'Angel' Devereaux
The Loss of Sexual Innocence Ingelske/Italjaanske twaling
Deep Blue Sea Dr. Susan McCallister
Miss Julie Julie
2000 Assumptions Koarte film
Timecode Emma
Gangster No. 1 Karen
2001 Enigma Claire Romilly
Tempted Lily LeBlanc
Hotel Grevinne fan Malfi
2002 Frida Gracie
Hideous Man Koarte film
2003 El Misterio Galíndez Muriel Colber
Peter Pan Story Narrator Stim
2004 Troy Andromache
Terrible Kisses Frou Koarte film
2006 Perfect Creature Lily
Klimt Lea de Castro
Fay Grim Juliet
2007 Broken Thread Jenny
Reign Over Me Donna Remar
Dangerous Parking Claire
2008 The Guitar Melody Wilder
The Bank Job Martine Love
T Takes: Episode 6 Gast yn keamer 117 Koarte film
2009 Shrink Kate Amberson
Telefyzje
Jier Titel Rol Oantekenings
1992 Les cinq dernières minutes Daisy Episoade: Meurtre en Ardèche
1995 The Big One Jules TF-film
1996 Karaoke Sandra Sollars 4 ôfleverings
Cold Lazarus Sandra Sollars 4 ôfleverings
2001 The Seventh Stream Mairead TF-film
2002 Flashpoint Dara TF-Pilot
Alternative titel: E.I.S.: Epidemiologic Intelligence Service
2007 Marple: Towards Zero Towards Zero#Characters in "Towards Zero" TF-film
2007–2008 Boston Legal Lorraine Weller 20 ôfleverings
2008 Wainy Days Lucy Websearje
Wainy Days#Season 3: 2008; Episoade: Nan and Lucy
My Own Worst Enemy TV-rige Dr. Norah Skinner 9 ôfleverings
2009 Kings (Amerikaanske TF-rige) Death Episoade: The Sabbath Queen
The Eastmans Dr. Anna Eastman TF-Pilot
2010 oant no Law & Order: Criminal Intent Plysje Serena Stevens

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. A surprise called Saffron - British actress Saffron Burrows - CSIVTR, an interview from Find Articles
  2. See the numerous references to Burrows in Tony Benn's More Time for Politics: Diaries 2001-2007 (Hutchinson 2007).
  3. YouTube - Frost over the World - Saffron Burrows - 28 Mar 08
  4. "Swimming with sharks", Film Unlimited (via saffron-burrows.com), 24 October 1999
  5. "Saffron Burrows Embraces Lesbian Relationships On-screen and Off", AfterEllen.com, October 2003
  6. "Mad About Saffron", Sydney Morning Herald, 15 May 2004
  7. "A hint of Saffron", The Observer, 5 May 2002
  8. Gay Power: The pink list, Independent on Sunday, 2 July 2006
  • Ingelsktalige Wikipedia, Saffron Burrows