Edward Fox

Ut Wikipedy
Edward Fox
akteur
Edward Fox yn 2011
Edward Fox yn 2011
persoanlike bysûnderheden
echte namme Edward Charles Morrice Fox
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne 13 april 1937
berteplak Londen
etnisiteit Ingelsk
jierren aktyf 1962-no
prizen Best Supporting Actor BAFTA (2 kear)
offisjele webside
IMDb-profyl

Edward Charles Morrice Fox, OBE (Chelsea, 13 april 1937) is in Ingelsk toaniel-, film- en telefyzjeakteur. Hy wurdt faken typearre as in klassike Brit út de hegere klasse (upper class), spilet op toaniel en yn de film dan ek typyske gentlemen-rollen.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fox makke wierskynlik yn 1958 syn teaterdebút, en wie yn 1963 foar 't earst yn in film te sjen. Ein 60er-, begjin 70er jierren hie er rollen yn Britske films sa as Oh! What a Lovely War (1969), Battle of Britain (1969) en The Go-Between (1970), mar hy makke wier namme mei syn optreden yn The Day of the Jackal út 1973. Fan doe ôf waard er faak foar films frege sa as A Bridge Too Far (1977) en Force 10 from Navarone (1978), mei Robert Shaw en Harrison Ford. Yn 1982 hie Fox de rol fan brigadier-generaal Reginald Dyer yn de film Gandhi, dy't ferantwurdlik wie foar de Slachting fan Amritsar yn Yndia. Dêrnei wie Fox noch 'M' yn de James Bond-film Never Say Never Again, en mei Laurence Olivier siet er yn The Bounty (1984) en Wild Geese II (1985).

Yn 2002 wie er te sjen yn The Importance of Being Earnest en Nicholas Nickleby, en yn 2004 yn Stage Beauty.

Yn 2003 krige Fox de OBE.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fox hat taw kear troud west, mei aktrises Tracy Reed (1958-1961) en Joanna David (sûnt july 2004, nei in lange ferhâlding). Hy hat by Reed in dochter, Lucy, en krige mei David twa bern: aktrise Emilia Fox en Freddie Fox.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar út tsientallen films:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]