Jochum Falkena

Ut Wikipedy
Boargemaster J. J. G. S. Falkena

Jochum Jacobus Gerardus Sijbrandus Falkena (Wytmarsum, 11 juny 1881 - It Hearrenfean, 29 april 1963) wie sekretaris fan Smellingerlân en boargemaster fan Eaststellingwerf en Skoatterlân.

Falkena begûn as gemeentesekretaris fan Smellingerlân en wie dêrnei tsien jier boargemaster fan Eaststellingwerf. Op 30 maart 1928 waard hy beneamd as boargemaster fan Skoatterlân. Doe't op 1 july 1934 de gemeente It Hearrenfean foarme waard út de gemeenten Skoatterlân, Aenjewier en in stik fan Haskerlân, waard hy ta boargemaster fan de nije gemeente beneamd.

Omdat hy 65-jier waard krige hy op 16 july 1946 earfol ûntslach. By gebrek oan opfolger wied er noch in pear moanne waarnimmend boargemaster. Op 16 novimber 1946 waard hy opfolge troch de hear G.H. Kuperus. It boargemasterskip wie foar Falkena net alhiel sûnder ûnderbrekking. De folmachtige fan de rykskommissaris ûntsloech him op 2 desimber 1944 omdat: da er nach abbruch seines Urlaubs seinen Dienst nicht wieder ausgetreten hat. De militêre kommisje joech him opdracht syn funksje te staken yngeande 15 april 1945 (Befrijingsdei). De Minister fan Binnenlânske Saken luts dit befel yngeande 22 oktober 1945 yn, neidat bliken dien hie, dat der gjin redenen wienen om maatregels tsjin him te nimmen. Dat blykte ek wol út syn werbeneaming yngeande 25 april 1946.

De hear Falkena hie in soad byfunksjes. De wichtichste dêrfan wie seker dy fan ryksynspekteur foar de wurkferskaffing, dat er lang dien hat. Under syn lieding binne yn de gemeente in soad ferbetterings komd. Sa hie hy in grut oandiel yn it ta stân kommen fan de wet "Heerenveen-Eén" -wêrtroch de trijeliddichheid fan it plak It Hearrenfean opheft waard. Hy wie offisier yn de Oarder fan Oranje Nassau. Op It Hearrenfean is de Boargemaster Falkenawei nei him neamd.