De Brêgesjongers

Ut Wikipedy

De Brêgesjongers is in shantykoar út De Pein.

De oanset ta oprjochting ûntstie by it doarpsfeest fan 1997. Op ien fan de dielnimmende skûtsjes waard doe troch in oar shantykoar songen. In tal doarpsbewenners hawwe doe De Brêgesjongers oprjochte. It koar bestiet yn 2008 út sa'n 25 leden dy't begelieden wurde troch slachwurk en akkordeon. It repertoire bestiet meast út Nederlânske en lieten út it Frysk Lieteboek, oanfold mei bûtenlânske. Der wurdt û.o. optreden by doarpsfeesten, festivals en fersoargingstehuzen.

De CD Lofsang op de Leien' waard yn 2011 presintearre mei de show Mei de Brêgesjongers troch de tiid.

CD's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lofsang op de Leien (2011)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: