Herfoarme tsjerke (Boerum)

Ut Wikipedy
Terptsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Kollumerlân
plak Boerum
adres Uthôf 1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1784
offisjele webside
Protestantske gemeente Boerum-Muntsjesyl-Warfstermûne

De Terptsjerke is de herfoarme tsjerke fan Boerum en is sûnt 2014 ien fan de trije tsjerken fan de Protestantske gemeente Boerum-Muntsjesyl-Warfstermûne. De tsjerke is in ryksmonumint.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rjochtersstien

De tsjerke stiet op in terp en waard yn 1784 boud nei't de âlde foargonger mei in sealtektoer ôfbrutsen wie. De tsjerke hearde oant de reformaasje by it kleaster Jeruzalim, dat om Boerum hinne in soad grûn besiet en yn de kontreien lân oanmakke op de Lauwersee.

By de tsjerke waard fan 1500 oant 1682 rjochtsprutsen troch doarpsrjochters, dy't troch it kleaster en letter de grytman oanwiisd wiene. De stien dêr't de rjochter op siet waard yn 1969 werom fûn by wurksumheden op it tsjerkhôf. Dêrnei krige de stien syn oarspronklike plak werom op de súdeastlike hoeke fan it hôf. By de stien stie eartiids in kaak, dêr't in feroardielde oan "de kaak steld wurde koe". Foar in swier fergryp gyng de feroardielde nei it galgefjild oan de feart.

Sûnt de bou fan de tsjerke is der oan it gebou sels hast neat feroare.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de lêste restauraasje fan 1994-1994 kamen der in grut tal sarken ûnder flier te foarskyn. Mei inoar binne der 54 sarken út de perioade fan 1611 oant 1784, dy't om in oanslutende flier te krijen net allegear mear op it oarspronklike plak lizze.[1]

Oersjoch ynterieur

De iken preekstoel mei trep en klankboerd waard yn Ljouwert makke en datearret út de tiid dat de tsjerke boud waard. De panelen fan de preekstoel binne dekorearre mei rokailjes en blêdwurk, wylst op de hoeken draaide pylderkes steane. It doophek stamt út de earste helte fan de 17e iuw.

By de muorre lâns steane in njoggental hearebanken. Se binne tsjininoar opsteld en ha in tagong oan de foarkant. De meast opfallende bank is de Fogelsanghbank út 1642 mei noch jimmeroan de wapendekoraasje. Fan de oare banken binne de wapens yn de Frânske tiid fernield.

De tsjerke wurdt ferljochte troch trije kroanljochters, dy't jûn binne troch dûmny Hesse (amtsperioade 1794-1796).

Yn de toer hinget in klok út 1756 mei in diameter fan 96 sintimeter.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pas yn 1876 naam it tsjerke-oargel yn Boerum it wurk fan de foarsjonger oer. It Grinslânske oargelbedriuw Van Oeckelen út Haren boude it ienmanualige ynstrumint op in galerij, dy't rêst op twa pylders fan getten izer.

Fúzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2014 fusearre de herfoarme gemeente fan Boerum-Muntsjesyl mei de grifformearde gemeente Boerum-Warfstermûne. De trije tsjerkegebouwen fan de nije Protestantske gemeente Boerum-Warfstermûne-Muntsjesyl krigen de folgjende nammen:

  • De herfoarme tsjerke fan Boerum: Terptsjerke
  • De grifformearde tsjerke fan Boerum: Iepen Hôftsjerke
  • De herfoarme tsjerke fan Muntsjesyl: Sylstertsjerke

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: