Klodio

Ut Wikipedy
Klodio

Klodio (berne tusken 392 en 395stoarn tusken 445 en 448) wie kening fan de Salyske Franken yn de tiid fan de Grutte Folkeferfarren. Hy hearste fan ôf likernôch 428 oant 448. Neffens de leginde soe er de soan west hawwe fan kening Faramond.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guon tinke dat Klodio oarspronklik út Turingen kaam - der hie hy syn machtsbasis yn Dispargum in terminum Thuringorum (Dispargum oan de grins fan Tueringen), mar it is ek mogelik dat 'Thuringorum' in skriuwfout foar 'Tungrorum' (Tongeren) is.

Klodio oermasterje de Romeinske stêden Doarnik en Kameryk in 432 op de Romeinen en besette it hiele gebiet oant de Somme, tsjintwurdich Belgje en Noard-Frankryk. Hy makke dêrby de stêd Doarnik ta syn haadstêd. Om 448 hinne waard hy troch de Romeinen ferslein by Atrecht yn Arteezje. Nettsjinsteande syn nederlaach, bleau it gebiet dat er op de Romeinen ferovere hie yn Frankyske hannen. Klodio waard bûnsmaat fan de Magister militum Aetius en stoar koart dernei. Hy waard opfolge troch Merovech, dy't nei gedachten syn soan wie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Edward James, (1988), De Franken, Baarn, side 251.
  • Luit van der Tuuk, (2009), Koningen en krijgsheren. De Franken in de Lage Landen, Kampen: Omniboek, ISBN 978-90-5977-421-6.

Primaire bronnen: