Child of the Prophecy

Ut Wikipedy
Child of the Prophecy
algemiene gegevens
auteur Juliet Marillier
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2001, Sydney
oarspr. útjwr. Pan Macmillan
rige
rige Sevenwaters-searje
● foarich diel Son of the Shadows
● folgjend diel Heir to Sevenwaters
kodearring
ISBN 978-0 73 29 10 938

Child of the Prophecy is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Nijseelânske skriuwster Juliet Marillier, dy't ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy heart. De titel betsjut: "Bern fan 'e Profesije". It boek fertelt it ferhaal fan 'e jongfaam Fainne, dy't yn it Ierlân fan 'e Iere Midsiuwen troch har beppe, in boaze tsjoenster, twongen wurdt om mei te wurkjen oan 'e ferneatiging fan it Sevenwaters-skaai, de famylje fan har mem. Child of the Prophecy is it trêde diel fan 'e Sevenwaters-trilogy, en makket as sadanich diel út fan 'e gruttere Sevenwaters-searje. It is it ferfolch op Son of the Shadows en Daughter of the Forest, wêryn't Fainne har muoike Liadan, resp. har beppe oan memmekant Sorcha de haadrollen spilen. Child of the Prophecy waard yn 2001 publisearre troch de Australyske difyzje fan útjouwerij Pan Macmillan. It boek wie yn 2002 finalist foar de Aurealis Award yn 'e kategory bêste fantasyroman. It waard yn 2002 yn it Nederlânsk oerset troch Pauline Moody en ûnder de titel Kind van de Profetie publisearre troch Utjouwerij Luitingh-Sijthoff.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fyftjinjierrige Fainne is de dochter fan 'e tsjoender Ciarán (útspr.: "Kieren"), dy't troch har heit yn isolaasje oan 'e kust fan Kerry, yn súdwestlik Ierlân, grutbrocht is. Har mem, Niamh (útspr.: "Niiv"), in ealfrouwe fan it skaai fan Sevenwaters, hat harsels fan 'e rotsen smiten doe't Fainne noch in poppe wie. Fan har heit leart se fan bern ôf oan tsjoenderij, lykas hoe't se fjoer oproppe kin en hoe't se organismen in oar stal jaan kin. As bern rekket se befreone mei Darragh, in soan fan 'e ien fan 'e nomadyske tsjettellappers dy't eltse simmer oan 'e kust fan Kerry trochbringe. As se âld genôch is, beslút Ciarán dat Fainne nei har memme famylje yn Sevenwaters ta moat, yn noardlik Ierlân, om oer har beërf te learen. It jiers foar't se ôfreizgje sil, moat se lykwols yn 'e lear by har beppe Oonagh, Ciarán syn mem, dat in boaze tsjoenster is dy't Fainne op wrede wize ûnmeilydsume metoaden bybringt om har tsjoenderij te brûken.

Oonagh draacht Fainne op om yn Sevenwaters de profesije fan 'e boppenatuerlike Túatha Dé Danann te dwerseidzjen om trije hillige eilantsjes yn 'e Ierske See, dy't foarhinne by Sevenwaters hearden, te befrijen fan 'e besetting troch Angelsaksen út it Keninkryk Noardumbrje. It ferbûn fan Ierske eallju dat him tariedt om 'e eilannen op Edwin fan Northwoods te weroverjen, wurdt oanfierd troch Fainne har neef Johnny, de soan fan har muoike Liadan en Bran fan Harrowfield, dy't it bern fan 'e profesije is, mei't der neffens de profesije in bern komme soe dat noch Iersk, noch Angelsaksysk wêze soe, mar tekene mei it merkteken fan 'e raven (hy hat in tatoeaazje fan sa'n fûgel), dy't de hillige eilannen ûnder Iersk bewâld werombringe soe. Om Fainne har meiwurking yn dizze saak ôf te twingen, bedriget Oonagh har heit mei in longsykte en in stadige, pynlike dea. Hja jout Fainne in amulet dat se om 'e hals drage en nea ôfwaan moat, en dat har beskermje sil tsjin 'e tsjoede ynfloed fan it folk fan Sevenwaters. Yn wurklikheid makket it it foar Oonagh mooglik om Fainne yn 'e rekken te hâlden en foar in diel har gedachten te behearskjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Om't in famke fan har jierren net allinnich op 'en paad kin, reizget Fainne mei de tsjettellappers nei Sevenwaters ta. Underweis rêdt Fainne in ûle dy't troch in gûchelder finzen holden wurdt; letter blykt dat ien fan 'e boppenatuerlike Fomoaren te wêzen. Under de reis rekket fierders de freonskip tusken Fainne en Darragh ferbrutsen as se spul krije oer har gebrûk fan tsjoenderij. Darragh jout dêrop it nomadyske bestean bestean deroan en nimt fêst wurk oan as in hynstetrener. Nei't Fainne yn Sevenwaters oankommen is, wurdt se dêr stadichoan akseptearre as lid fan 'e húshâlding. Te midwinter wurdt se troch Oonagh lykwols oanpoarre om troch tsjoenderij brân te stiftsjen yn in bygebou, wêrby't twa druïden omkomme en har jonge nicht Maeve, de jongste dochter fan har omke Sean, slim ferwûne rekket. Wylst it bern stadichoan wer opbetteret, wurdt Fainne as noedster fan har trije oare jonge nichten nei Eamonn fan Sídhe Dubh ta stjoerd, in omke fan 'e famkes troch harren mem Aisling, dat in suster fan Eamonn is.

Ienris yn Eamonn syn wente te Glencarnagh docht bliken dat Eamonn mear as ien reden hie om 'e fammen út te nûgjen, as er avânses yn Fainne har rjochting begjint te meitsjen. Eamonn lit almar mear fan syn ynderlik oan har blike, syn teskroeiende hate foar Bran fan Harrowfield, de man fan har muoike Liadan, ynbegrepen. Wat better oft se Eamonn kennen leard, wat dúdliker oft Fainne sjen kin dat hy de swakste keat yn it bûnsgenoatskip fan Sevenwaters is. As Oonagh op in jûn yn har keamer yn it hurdfjoer oan har ferskynd en driget de oare jonge famkes en Darragh wat oan te dwaan, beslút Fainne om fan dizze brekline yn it ferbûn gebrûk te meitsjen en Eamonn en Bran tsjininoar út te spyljen.

Ienris werom yn Sevenwaters wurdt Eamonn syn houliksoansyk oan Fainne lykwols troch har omke Sean rislút fan 'e hân wiisd. Fainne feroaret harsels yn in motflinter om in geheim beried ôf te harkjen, wêrby't se oan 'e weet komt dat de oanfal op 'e eilannen úteinsette sil mei in groep swimmers dy't by nacht de foar anker lizzende boaten fan 'e Angelsaksen lekslaan sille. Bran fan Harrowfield sil ien fan 'e swimmers wêze. Dy ynformaasje spilet Fainne letter troch oan har beppe. Wylst sy yn Glencarnagh wie, is har muoike Liadan yn Sevenwaters arrivearre, en as dy weromgiet nei Inis Eala, nimt se Fainne mei. Inis Eala is in eilânfêsting foar de Ierske noardkust, dy't as in soarte fan skoalle foar kriichslju stifte is troch de leden fan Bran syn âlde hierlingetroep (sjoch: Son of the Shadows). Darragh reizget Fainne efternei dêrhinne om't er ta de ûntdekking kommen is dat er syn leafde foar har net ûnderdrukke kin. Mei't er in earsten swimmer is, wit er ta Fainne har ôfgriis in plak te feroverjen mank de groep dy't de Angelsaksyske boaten lekstekke sil.

As Bran en Johnny mei harren mannen einlings ôfsette foar de werovering fan 'e eilannen, reizget Fainne mei yn 'e foarm fan in do. Op it eilân Man jouwe se har by de troepen fan Sean fan Sevenwaters, Eamonn fan Sídhe Dubh en harren bûnsgenoaten. Eamonn kin har yn har dowefoarm op 'e iene of oare manear wer, en tanket har foar de ynformaasje dy't se nei him trochspile hat. Fainne beseft dan dat Oonagh dy ynformaasje trochbriefke hat, mar kin neat mear dwaan om 'e rin fan 'e foarfallen te feroarjen. Ien fan 'e swimmers rekket hommels siik en moat ferfongen wurde troch in oarenien, dy't Fainne werom ken as ien fan Eamonn syn mannen. It is Eamonn syn bedoeling dat dyselde ûnder de oanfal fan 'e swimmers Bran fan Harrowfield deadwaan sil, mar de man fersint him yn it tsjuster en falt ynstee Johnny oan, dy't deselde lichemsbou hat as syn heit. Johnny rekket ferwûne en wurdt op 'e kust fan it eilân finzen nommen troch de mannen fan Edwin fan Northwoods. Hoewol't de Ieren miene dat it bern fan 'e profesije dea is, beslute se dochs de oanfal op 'e eilannen troch te setten ûnder it liederskip fan Bran. Oankommen op it eilân witte se de Angelsaksen al rillegau werom te driuwen. Fainne feroaret harsels op in sideplak wer yn in minske, en wachtet it gaadlikste tiidstip ôf om yn te gripen, dêryn bystien troch de Fomoaren, dy't har helpe om 'e wiere betsjutting fan 'e profesije te begripen.

Uteinlik reitsje de Angelsaksen ynsletten, en dan lit Edwin fan Northwoods Johnny nei foarren helje om him as gizelder te brûken. Nei oerlis wurdt besletten dat der in twagefjocht holden wurde sil tusken de ferwûne Johnny en Edwin syn soan, wêrby't de winnende partij sizzenskip oer de eilannen kriget. Troch him swakker foar te dwaan as dat er is, wit Johnny it gefjocht te winnen. Tsjin dy tiid is ek Oonagh op it eilân arrivearre, dy't Fainne oantrunet om op dat krúsjale momint Johnny te deadzjen. Wylst Fainne har nei foarren ta hastiget, sjit ien fan 'e Angelsaksen in pylk op har ôf, dy't lykwols foar har opfongen wurdt troch Eamonn fan Sídhe Dubh. Sa stjert dy smjunt dochs noch as held. As se Johnny berikt hat, set Fainne it yn 'e kant tsjin Oonagh, dy't har dêrfoar straft troch Darragh fan it hege klif te smiten. Dêrop ferskynt har heit Ciarán, dy't Fainne beskermet tsjin syn mem. Om har soan te reitsjen, makket Oonagh dan bekend dat syn frou Niamh hielendal net sels fan 'e rotsen sprongen is, mar der troch har, Oonagh, fan ôfsmiten is.

No't se sa dwerseide wurdt, makket Oonagh it twadde, geheime diel fan 'e profesije bekend: dat it bern fan 'e profesije op it eilantsje dat 'de Nulle' hjit, de rest fan syn libben yn isolaasje as wachter trochbringe moat. Johnny, de kriichsman en oanfierder, is dúdlik net geskikt foar sa'n taak, mar Fainne sels wol. Ta alteraasje fan Oonagh leit Fainne út dat sysels ek noch Iersk, noch Angelsaksysk is, mei't har pake Hugh fan Harrowfield, de man fan har beppe Sorcha (sjoch: Daughter of the Forest) ommers in Angelsaks wie. En doe't se lyts wie, hat de raven Fiacha, de hûsgeast fan Ciarán, har ris pikt mei syn skerpe snabel, eat dêr't se noch in groede (of merkteken) fan hat. Dus net Johnny, mar sysels is it wiere bern fan 'e profesije. Oonagh wol de striid noch net opjaan, mar wurdt troch Fainne feroare yn in mûs, dy't opfretten wurdt troch ien fan 'e Fomoaren dy't de foarm fan in ûle oannommen hat.

Neitiid wurdt Fainne troch de Túathe Dé Danann nei de Nulle ta brocht, dêr't se de rest fan har libben trochbringe sil. Hja sil dêr fan iten, klean en oare nedichheden foarsjoen wurde troch de Fomoaren. De trije hillige eilannen ferdwine, nei't alle minsken se ferlitten hawwe, troch tadwaan fan 'e Túatha Dé Danann út 'e wrâld, en kinne neitiid net wer fûn wurde. Fainne riedt har ta op in libben yn iensumens, mar de Túatha Dé Danann fertelle har dat de eilantsjes iuwenlang ferburgen bliuwe moatte sille, oant de minskheid leard hat dat de wrâld in weardefol ding is, dat fersoarge wurde moat ynstee fan eksploitearre. Der wurdt sadwaande fan Fainne ferwachte dat se in dochter produsearret, dy't har taken as wachter nei har dea fan har oernimme kin. Dêrta hawwe se Darragh, doe't dy troch Oonagh fan it klif smiten waard, yn in seehûn feroare, en no jout dy him by Fainne op 'e Nulle, dêr't sy him wer weromferoaret yn in man. Meitiid sille se twa bern krije, in jonge en in famke, dat Fainne de namme Niamh jout, nei har mem.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, references, external links, quotations, op dizze side.

de Sevenwaters-searje
Sevenwaters-trilogy (Daughter of the Forest • Son of the Shadows • Child of the Prophecy) | Heir to Sevenwaters | Seer of Sevenwaters | Twixt Firelight and Water (koart ferhaal) | Flame of Sevenwaters