Merchandising

Ut Wikipedy

Merchandising (útspr.: [ˈmʌ(ɹ)ʧəndai̭zɪŋ], likernôch: "mur-tsjun-daai-zing"), in Ingelsk lienwurd mei as letterlike betsjutting "keapwaarjen", is it befoarderjen fan 'e ferkeap fan in produkt oan 'e konsumint. Yn 'e Ingelske betsjutting fan it wurd kin dat op eltse mooglike manear dien wurde, mar yn it Frysk wurdt der ornaris mei bedoeld it útjaan fan lisinsjes om fan it haadprodukt ôflate produkten te meitsjen, om dêrmei it haadprodukt mear ûnder de oandancht fan 'e konsumint te bringen. Soks kin dien wurde troch merknammen, logo's, slogans en/of ôfbyldings dy't registrearre trademarks binne, ûnder lisinsje brûke te litten troch fabrikanten fan oarsoartige produkten. Sa komt der dan bygelyks in T-shirt op 'e merk mei it logo fan in superheld (lykas Batman) of in mediafranchise (lykas Star Wars), of wurdt der in action figure makke fan in personaazje út in film of in stripalbum. Foar it bedriuw dat de auteursrjochten op sokke trademarks yn 'e hannen hat, snijt it mês oan beide kanten: de fabrikanten fan 'e ôflate produkten betelje foar de lisinsje om dy produkten meitsje te meien, en de konsumint wurdt konfrontearre mei mear dingen dy't ferwize nei it haadprodukt, wat delkomt op fergese reklame.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.