Disacharide

Ut Wikipedy

In disacharide is in sûker dy't út presiis twa mei inoar ferbûne monosachariden bestean.

Glukoaze - Glukoaze[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Maltoaze (moutsûker): glukoaze α(1→4) glukoaze, maltoaze is in redusearjend sûker. Maltoaze is in dimear dy't ûntstean kin by de ôfbraak fan stiselmoal: it hat likense glykoside binings. Likernôch alle organismen kinne maltoaze ôfbrekke mei it ensym maltaze.
  • Sellobioaze: glukoaze β(1→4) glukoaze, sellobioaze is in redusearjend sûker. Sellobioaze is in dimear dat ûntstean kin by de ôfbraak fan selluloaze. It minsklik lichem makket gjin ensym dat geskikt is foar de ôfbraak fan sellobioaze.
  • Gentiobioaze: glukoaze β(1→6) glukoaze.
  • Trehaloaze: glukoaze α,α(1→1) glukoaze, trehaloaze is in net-redusearjend sûker. Trehaloaze komt foar yn gist, poddestuollen en ek yn lytse mannichten yn planten en bisten. It is tige stabyl. It beskermet aaiwiten tsjin skea troch befriezen en útdrûgjen.

Glukoaze - Fruktoaze[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In sacharoaze-molekule.
  • Sacharoaze (reidsûker, bitesûker): glukoaze α(1→2) fruktoaze. Sacharoaze is net redusearjend, dêrom kin it maklik bewarre wurde. It is it meast brûkte swietstof oer de hiele wrâld. By it werjaan fan de swietkrêft fan swietstoffen wurdt dizze stof faak as noarm brûkt. It komt yn de natuer mar yn in pear planten foar (bygelyks sûkerreid of sûkerbyt). Likernôch alle organismen kinne sacharoaze ôfbrekke mei sacharaze of infertaze.

Glukoaze - Galaktoaze[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Laktoaze (molksûker): galaktoaze β(1→4) glukoaze, laktoaze is in redusearjend sûker en is mar in bytsje swiet (likernôch 35% fan de swietkrêft fan sacharoaze). Laktoaze komt fan natoere allinne foar yn molkeprodukten. It kin ôfbrutsen wurden troch it ensym laktaze. Minsken dy't net of net genôch laktaze produsearje kinne binne laktoaze yntolerant.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]