Springe nei ynhâld

Zwillbrocker Venn

Ut Wikipedy
Zwillbrocker Venn
Flamingo's yn it Zwillbrocker Venn
Flamingo's yn it Zwillbrocker Venn
lokaasje
lân Dútslân
dielsteatNoardryn-Westfalen
KreisBorken
stêdVreden
neiste plakby Zwillbrock oan 'e grins mei Nederlân
koördinaten52°02′43″ N 6°42′00″ E
oare ynformaasje
statusNatuerbeskermingsgebiet
oerflak176 ha
stifting1938
behearBiologysk Stasjon Zwillbrock
websidewww.bszwillbrock.de
kaart
Zwillbrocker Venn (Noardryn-Westfalen)
Zwillbrocker Venn
Lokaasje fan it Zwillbrocker Venn yn Noardryn-Westfalen

It Zwillbrocker Venn is in natuergebiet mei bosk, fean, wiete greiden en wetter yn 'e Kreis Borken yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen, fuort by de grins mei Nederlân. In part fan it gebiet waard al yn 1938 oanwiisd as natuerbeskermingsgebiet.

It gebiet leit yn it westlike Múnsterlân, westlik fan 'e stêd Vreden en by it doarp Zwillbrock. It Zwillbrocker Venn ûntstie troch it ôfgraven fan heechfean. Nei it beëinigjen fan 'e turfwinning bleau der in ûndjippe mar oer, dy't hjoed-de-dei in wichtich leefgebiet is foar in grut tal planten en bisten.

It natoergebiet beslacht likernôch 176 hektare en makket diel út fan it fûgelbeskermingsgebiet Moore und Heiden des westlichen Münsterlandes.

Natoer en dieren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Flamingo's yn it moarnsrea.

It Zwillbrocker Venn stiet benammen bekend fanwegen de grutste ynlânske koloanje fan kobben yn Dútslân en de noardlikste briedkoloanje fan Sileenske flamingo's fan 'e wrâld. Oarspronklik binne de flamingo's nei alle gedachten ûntsnapt út kolleksjes, mar hjoed-de-dei binne it wylde fûgels. Oant likernôch healwei july binne se dêr te sjen en dêrnei trekke se nei oare dielen, lykas de Grevelingemar, de Lauwersmar of de Iselmarkust.

Om de mar hinne rint in kuierpaad fan likernôch 6 km mei ferskillende observaasjehutten. Ek binne ferskate fytsrûtes lâns it gebiet útset, wêrûnder de saneamde Flamingorûte, in fytsrûte troch Dútslân en Nederlân.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Natuergebiet Zwillbrocker Venn fan Wikimedia Commons.