Zverin-Pokrovski-kleaster
| Zverin-kleaster fan 'e Foarbea Зверин-Покровский монастырь | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| oblast | ||
| plak | ||
| koördinaten | 58°32'N 31°16'E | |
| Kleastergegevens | ||
| denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
| oprjochting | 11e iuw | |
| Ynformaasje bou | ||
| monumintale status | Federaal monumint wrâlderfgoed | |
| monumintnûmer | 531420064470006 | |
| Webside | ||
| www.soborpokrova.ru | ||
| Kaart | ||
It Zverin-kleaster fan 'e Foarbea (Russysk: Зверин-Покровский монастырь) is in earder nonnekleaster fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke yn Veliki Novgorod, Ruslân. It leit oan 'e lofter igge fan 'e Volchov.
It kleaster is ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Histoaryske monuminten fan Novgorod en omkriten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster waard op in stik lân by in dieretún boud, dêr't de prinsen fan Novgorod jagen. De namme fan dy dieretún (zverinets betsjut menazjery, in soarte fan dieretún) waard foar it earst yn 'e Novgorod Kronyk fan 6577 yn it jier 1069 neamd nei in oerwinning fan Novgodrod op de Polotsk-prins Vseslav.

De krekte stiftingsdatum fan it kleaster is net bekend. De houten Foarbeatsjerke fan it kleaster wurdt foar it earst yn 1148 neamd. Yn dat jier waard de stêd "troch de bliksem ferljochte" en baarne de tsjerke ôf.
It kleaster waard mei de herfoarmingen fan Peter de Grutte yn 1721 opheft, mar seis jier letter wer iepene. Oan 'e ein fan 'e 18e iuw waard it oanbuorjende âlde Nikolo-Belskikleaster by it Zverinkleaster foege. De twa kleasters leine no binnen deselde muorren.
Yn 'e 19e iuw makke de stêd in nije tiid fan bloei mei en koe yn it kleaster in nije, grutte katedraal boud wurde. It kleaster waard yn 1919 sletten en de katedraal waard yn 1919 in parochytsjerke, mar de nonnen bleaune der wenjen. Yn 1920 drigen de bolsjewisten mei in definitive opheffing. De nonnen besochten it kleaster te behâlden troch dêr in suvelkoöperaasje op te setten, mar it krewearjen fan 'e nonnen wie om 'e nocht, want yn jannewaris 1930 moast der in ein komme oan alle tsjerklike aktiviteiten.
It kleaster waard yn 1989, flak foar it út inoar fallen fan 'e Sovjet-Uny, wer iepensteld foar de otterdokse mienskip.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne twa aparte tsjerken op it kleasterterrein.
Foarbea-tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Foarbeatsjerke is de oarspronklike katolikon en al sûnt de 12e iuw bekend. Oarspronklik wie it in houten bouwurk, mar yn 'e jierren 1335-1399 waard it in stiennen tsjerke. Nei de plonderingen fan Sweden waard de tsjerke renovearre en op 'e nij wijd oan 'e Kleedôflizzing fan 'e Mem Gods. Yn 1851 waard de Russyske skriuwer en steatsman Ivan Moeravjov Apostol (1762-1851) by de tsjerke begroeven. Yn 'e jierren 1899-1901 fûn noch in ferbouwing plak doe't in nije katedraal njonken de tsjerke boud waard. Dy nije katedraal waard njonken de Foarbeatsjerke boud op it plak fan in brekfallich tsjerkegebou út it begjin fan 'e 19e iuw. Ynearsten wie it de opset om 'e âlde fûneminten wer te brûken, mar dy wiene foar de nijbou net tarikkend.
De ynwijing fan 'e katedraal fûn op 30 septimber 1901 plak, foar it feest fan 'e Foarbea fan Marije. De nije katedraal krige de namme fan 'e âlde oanbuorjende tsjerke. Dy tsjerke krige wer in nije namme en waard wijd oan it Tichvin-ikoan fan 'e Mem Gods.
Siméontsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op it plak dêr't no de stiennen Siméontsjerke stiet, bouden ynwenners fan Novgorod yn 1467 in houten tsjerke. De oanlieding fan 'e bou wie de pestepidemy, dy't op dat stuit yn 'e republiken Novgorod en Pskov hûsholden hie. De tsjerke waard yn ien dei boud en in jier letter ferfongen troch in stiennen tsjerke. De binnenmuorren en ferwulften binne mei kleurrike fresko's beskildere út de 15e iuw, dy't meiïnoar in tsjerklike kalinder fan hilligen foarmje.
Ferkundigingstsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ferkundigingstsjerke is net bewarre bleaun en waard foar it earst yn 1582 neamd. Yn 'e 17e iuw wie dy tsjerke noch oanwêzich.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Зверин-Покровский монастырь
|
