Springe nei ynhâld

Zundert (gemeente)

Ut Wikipedy
Zundert
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Haadplak Zundert
Oerflak 17,83 km²[1]
  •  dêrfan lân 17,77 km²
  •  dêrfan wetter 0,06 km²
Ynwennertal 22.549 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens 247 ynw./km²
Ferkearsier(en)
Netnûmer(s) 076
Postkoade(s) 4880-4891
www.zundert.nl

Zundert is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. De gemeente telt 22.549 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 119,84 km², wêrfan 0,24 km² wetter.

De gemeente hjitte oarspronklik Zundert en Wernhout, om't it in fúzje wie fan twa hearlikheden. Oan 'e ein fan 'e 19e iuw waard dy namme ferfongen troch Zundert. Op 1 jannewaris 1997 waard de eardere selsstannige gemeente Rijsbergen tafoege oan 'e gemeente Zundert.

De gemeente bestiet út de folgjende plakken (fan grut oant lyts): Zundert, Rijsbergen, Wernhout, Klein-Zundert en Achtmaal.

Troch de gemeente streame de wetterkes Aa of Weerijs, de Kleine Beek, de Moersloot, de Raamloop en de Bijloop.

Zundert wurdt foar it earst yn in akte út 1157 neamd, wêryn't de biskop fan Luik de skinking fan tsienden út Sunderda befêstiget.

De gemeente Zundert is oansletten by it Regionaal Argyf fan West-Brabân. It argyf en de fotokolleksje binne dêrr ûnderbrocht. Alle materiaal is fergees beskikber foar elkenien, dy't syn stambeam of de skiednis fan Zundert of de omkriten ûndersykje wol.

De ferneamdste ynwenner fan Zundert ea is de skilder Vincent van Gogh, dy't yn 1853 yn Zundert berne waard. Syn bertehûs oan 'e Merk yn Zundert waard yn 1903 sloopt. Op de lokaasje stiet hjoed-de-dei it Van Gogh Hûs, dat as museum brûkt wurdt ta oantinken oan 'e skilder.

De gemeente hat in soad agraryske bedriuwen, dy't benammen aktyf binne yn beamkwekerijen en ierdbeietylt. Oant de jierren 1980 wiene der ferskate ferfiersbedriuwen yn en om Zundert. Nei de oanlis fan 'e ferfiersône Hazeldonk en de gemeentlike reorganisaasje kamen de measte bedriuwen yn Breda telâne.

It wichtichste barren yn 'e gemeente Zundert is it blommekorso, dat alle jierren op 'e earste snein fan septimber organisearre wurdt. Blommekorso Zundert bestiet sûnt 1936 en it is it grutste daaljekorso fan 'e wrâld. It is in gemeentebreed barren: alle tsjerkedoarpen dogge mei. It tsjerkedoarp Rijsbergen waard by de gemeentlike reorganisaasje yn 1997 mei Zundert gearfoege en sûnt 2008 docht ek Rijsbergen mei oan it korso. It tsjerkedoarp Schijf docht sûnt 2009 mei. Schijf falt net ûnder de gemeente Zundert (mar ûnder Rucphen), mar der binne histoaryske bannen om't foar de reorganisaasje fan 1997 in part fan it tsjerkedoarp wol ûnder de gemeente Zundert foel.

It oantal dielnimmende korsoweinen is mei de dielname fan Schijf tanommen oant tweintich.

Yn 'e karnavalstiid wurde Achtmaal, Rijsbergen, Wernhout en Zundert omdoopt ta respektivelik Goudpoepersrijk, Aopelaand, Zaantaozelaant en Banaonblussersrijk.

De gemeente Zundert hat in soad natoergebieten. Guon dêrfan binne de Oude Buisse Heide, de Pannenhoef, lângoed De Moeren en de Krochten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeenten yn Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert
· · Berjocht bewurkje