Readboarstwilster
| readboarstwilster | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Fûgel yn briedkleed fotografearre yn it suden fan Sily. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Zonibyx modestus | ||||||||||||
| Lichtenstein, 1823 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De readboarstwilster (Zonibyx modestus, synonym Charadrius modestus) is in fûgel út 'e famylje fan wilsterfûgels (Charadriidae)
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De readboarstwilster is in middelgrutte (19-22 sm) wilster mei in ûnderskiedend briedkleed. De fûgel hat in rustkleurich boarst, in wite búk en in swarte bân dertusken. De kop is kreas markearre mei in wite wynbraustreek, in swarte kroan en in griis gesicht. Bûten it briedseizoen is er kleurleazer mei griis en de swarte en rustbrune kleuren binne ferfongen troch brún.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt yn Tierra del Fuego en de Falklâneilannen en oerwinteret sa fier noardlik as súdeastlik Brazylje. Hy wurdt behannele as monotypysk, itjinge betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.
De readboarstwilster wurdt tradisjoneel yn it skaai Charadrius set. Ut ferskate genetyske stúdzjes die lykwols bliken dat er mar fier besibbe is fan 'e oare soarten yn it skaai en ynstee dêrfan in sustersoarte is fan 'e ûnderskiedende diadeemwilster (Phegornis mitchellii). Clements et al. hawwe de soarte dêrom yn 2023 yn it monotypyske skaai Zonibyx set.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Readboarstwilster briede ynlânsk op koart gerslân fan seenivo oant 2000 m. Hy yt ynsekten, larven, kreeften, weakdieren en planten lykas grienwier. De fûgel leit de aaien tusken oktober en novimber, selden yn jannewaris. It nêst leit folslein iepen. Súdlike briedfûgels lûke yn maart-april nei it noarden en komme werom yn augustus-septimber.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in ûnbekende ûntwikkeling. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). in rûzing út 2023 giet út fan in wrâldpopulaasje fan 88.700 oant 709.000 folwoeksen fûgels.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
