Springe nei ynhâld

Annejet van der Zijl

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Zijl, Annejet van der)
Annejet van der Zijl
skriuwer
Annejet van der Zijl yn 2010
Annejet van der Zijl yn 2010
persoanlike bysûnderheden
echte namme Annajetske van der Zijl
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 6 april 1962
berteplak Oterleek (Noard-Hollân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre non-fiksje (biografyen), lit. skrillers
bekendste
  wurk(en)
Sonny Boy
útjouwer Nijgh & Van Ditmar
prizen Gouden Ganzenveer 2012
jierren aktyf 1999 – no
offisjele webside
www.annejetvanderzijl.com

Annajet van der Zijl (folút: Annajetske van der Zijl; Oterleek, 6 april 1962) is in Nederlânsk skriuwster en historika dy grut waard yn Fryslân.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid, oplieding en karriêre yn 'e sjoernalistyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Zijl waard yn 1962 berne yn Oterleek, yn Noard-Hollân, mar groeide op yn Ljouwert. Har âlden wiene allebeide leararen. Nei't se oan it Kristlik Gymnasium Beyers Naudé de middelbere skoalle trochrûn hie, die Van der Zijl ynearsten in oplieding keunstskiednis. Se studearre lykwols oan 'e Universiteit fan Amsterdam ôf yn massakommunikaasje. Nei in stikmannich staazjes yn Ingelân waard se misdiesjoernaliste en redaktrise by it tydskrift HP/De Tijd, dêr't se oant 1999 bleau. Yn 1998 die se fierders yn Londen noch in masterstúdzje ynternasjonale sjoernalistyk. Van der Zijl spesjalisearre har yn rekonstruksjes en portretten fan bekende en ûnbekende minsken en fan groepen dy't mei elkoar in tiid fan alteraasje meimakken, lykas Nederlanners dy't yn maaie 1968 nei Parys teagen. Se skreau ek oer misdieden en politike foarfallen, as de kreakersrellen op Keninginnedei 1980.

Karriêre as skriuwster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Har earste boek oer it Goaiske lânhûs Jagtlust - yn de jierren fyftich en sechtich sammelpunt fan alles wat jong en artistyk wie - wie in logysk ferfolch fan it sjoernalistike wurk. Mei meiwurking fan eardere bewenners lykas útjouwer Theo Sontrop en Remco Campert lei hja de skiednis fan dat hûs fêst yn it boek Jagtlust (1998).
Ein 1999 naam Van der Zijl ûntslach by HP/De Tijd om te wurkjen oan de biografy fan Annie M.G. Schmidt, stimulearre troch de soan fan de skriuwster Flip van Duyn en har útjouwer Ary Langbroek. Se stribbe nei in biografy nei Angelsaksysk foarbyld: in sa folslein mooglik libbesferhaal dat ek spannend wêze moast. Ynspirearre op dy biografy is der in sândielige telefyzjerige makke Annie M.G. dy't yn 2010 útstjoerd waard.
Sonny Boy, oer de "verdwenen levens" fan Waldemar Nods en Rika van der Lans, ferskynde yn 2004. Sonny Boy waard yn jannewaris 2010 ferfilme troch regisseur Maria Peters. Medio 2010 binne fan it boek al in heal miljoen eksimplaren ferkocht.
Op 4 maart 2010 promovearre se oan de Universiteit fan Amsterdam op in biografy fan prins Bernhard. Har promotor wie professor Hans Blom.

Nei Bernhard ferskynde Moord in de Bloedstraat (2013), yn 2014 folge troch Gerard Heineken - it oant dan ta ûnbekende libbensferhaal fan de oprjochter fan it bierbedriuw Heineken. Yn novimber 2015 ferskynde Van der Zijls boek De Amerikaanse prinses, oer Allene Tew. Foar de Boekewike fan 2020 (7 o/m 15 maart) skreau Van der Zijl it boekewikegeskink, Leon & Juliette, oer Juliette MacCormick de Magnan en Leon Herckenrath [1].

Annejet van der Zijl is troud mei Jo Simons, dy't ek skriuwer is. Hja wenje yn Bergen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Offisjele website
  • Genderen, Charlotte van, Deuren Open Gezet, yn: de Ljouwerter Krante, 19 maaie 2018, wykeinbylage Sneon & Snein, s. 8-10. (ek printe yn it Dagblad van het Noorden fan 18 maaie 2018, kepp.)