Springe nei ynhâld

Sânwykske Mûne

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Zandwijkse Molen)
Sânwykske Mûne
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Brabân
gemeente Altena
plakAlmkerk
adresUppelse Steeg 1
koördinaten51°47'N 4°56'E
bysûnderheden
type mûnewipmûne
funksjepoldermûne
flecht25,7 m
boujier1699
oare ynformaasje
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer39607
Webside
molensheusdenenaltena.nl
Kaart
Sânwykske Mûne (Noard-Brabân)
Sânwykske Mûne

De Zandwijkse Molen (Sânwykske Mûne) is in poldermûne út 1699 tusken de plakken Uppel yn it suden en Sleeuwyk yn it noarden. Eigner is de mûnestifting Land van Heusden en Altena. De mûne is mei de Utwykske Mûne de lêste fan in rige fan sân wipmûnen dy't njonken inoar stiene.

Wis is dat der al lang foar de bou fan 'e hjoeddeiske mûne yn 1537 sân wipmûnen stiene. Nei alle gedachten waarden dy om 1500 hinne boud en sûnt waarden se ferskillende kearen fernijd. De Sânwykske Mûne is nei alle gedachten de iennig mûne yn it lân, wêrfan't de ûndertoer en ek it boppehûs noch út 1699 datearret. By de grutte restauraasje yn 'e jierren 2009-2011 binne bysûndere techniken tapast om safolle mooglik histoarysk materiaal te bewarjen.

De mûne bemealle oant 1961 de polder. Sûnt it ferdwinen fan 'e oare mûnen holp in diselgemaal dêrby, dat op 'e fûneminten fan ien fan 'e âlde mûnen boud wie. Yn 1953 hat de mûne nei de wettersneedramp de polder selsstannich drûch holden, om't it diselgemaal troch it sâlte wetter net mear te brûken wie.

Stookhok.

De mûne hat gjin funksje om de polder drûch te hâlden en mealt hjoed-de-dei yn sirkwy. In keardaam yn it sletten sirkwy soarget foar in keunstmjittige opfierhichte. De mûne moat by it meallen sadwaande dochs wat krêft leverje, sadat it houten binnenwurk goed belest wurdt.

Lykas in soad oare mûnen yn 'e omkriten hat de Sânwykske Mûne noch in orizjineel stookhok, dêr't de mûnder by it meallen wêze koe. Oars as op oare plakken yn it lân wiene de mûnen yn dat gebiet net bewenne.

Tichteby stiet de Utwykske Mûne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: