Springe nei ynhâld

Zamość

Ut Wikipedy
Zamość
It riedshûs op de Grutte Merk
It riedshûs op de Grutte Merk
Symboalen
Bestjoer
Lân Poalen
WoiwodskipLublin
Sifers
Ynwennertal57.924 (30.06.2024)[1]
Oerflak30,33 km²
Befolkingsticht.1.909,8 ynw./km²
Hichte212 m
Oar
Stifting1580
Postkoade22-400
Netnûmer+48 84
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Offisjele webside
https://www.zamosc.pl
Kaart
Zamość (Poalen)
Zamość
Lokaasje fan Zamość yn Poalen

Zamość (útspr.: [ˈzamɔɕt͡ɕ], likernôch: "zam-mòsjtsj", Lûdsfragmint beharkje) is in stêd yn it súdeasten fan Poalen, yn it woiwodskip Lublin. De stêd stiet bekend as in foarbyld fan in renêssânsestêd dy't neffens it foarbyld fan 'e ideale stêd ûntwurpen is. Fanwegen de arsjitektuer en it histoaryske karakter stiet de binnenstêd sûnt 1992 op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. De stêd wurdt ek wol de "Pearel fan 'e Renêssânse" of it "Padûa fan it Noarden" neamd.

Zamość leit yn 'e regio Lublin, tichtby de Roztocze-heechflakte, in gebiet dat bekend stiet om syn natoer. De stêd leit sa'n 60 kilometer fan 'e grins mei Oekraïne. It klimaat is kontinintaal mei dúdlike seizoenen: waarme simmers en faak snierike winters.

De fêsting yn 1618.

De stêd waard yn 1580 stifte troch de machtige Poalske kânsler en kroanhetman Jan Zamoyski. Hy woe in stêd dy't net allinnich it sintrum fan syn rykdom wêze soe, mar ek in net te oerwinnen fêsting. Hy hierde de Italjaanske arsjitekt Bernardo Morando yn om de stêd fan 'e grûn ôf op te bouwen neffens de Italjaanske renêssânse-idealen.

Zamość wie in multykultureel sintrum dêr't Poalen, Joaden, Armenen, Griken en Dútsers njonken inoar wennen. De stêd hie in eigen akademy en wie in bolwurk fan wittenskip en kultuer. Yn 'e 17e iuw wist de stêd ferskate belegeringen te wjerstean, wêrûnder dy fan de Sweden en de Kozakken.

Deportaasje fan 'e Joaden fan Zamość nei it ferneatigingskamp Bełżec (1942).

Yn 'e Twadde Wrâldkriich (1939–1944) foel de regio ûnder it Dútske Generaal-gûvernemint. Under lieding fan Kreishauptmann Helmut Weihenmaier waard de Joadske befolking fan 'e stêd, tegearre mei deportearre Joaden út oare gebieten, opsletten yn it Getto fan Zamość. De measten fan har waarden deportearre en yn 'e ferneatigingskampen fermoarde.

Zamość hie in spesjale betsjutting foar de SS-lieding. Under de namme Aktion Zamość besochten de nazy's de regio te "germanisearjen". It doel wie om de Poalske befolking te ferfangen troch Dútske kolonisten (de saneamde Wehrbauern), dy't benammen út Bessaraabje en Kroaasje kamen. Yn dy tiid wiene der ferskate nammewizigingen foar de stêd: yn 'e planningen waard de stêd Himmlerstadt neamd en letter ek wol Pflugstadt.

Yn 1944 waard de stêd befrijd troch it Reade Leger. Fan 1945 oant augustus 1991 wie de regio in grinsgebiet mei de Sovjet-Uny, en sûnt it útinoar fallen fan de Sovjet-Uny leit de stêd yn it grinsgebiet mei de Oekraïne.

De befolking groeide flink nei de oarloch troch yndustrialisaasje, mar de lêste tweintich jier rint it ynwennertal stadichoan wat tebek, lykas yn mear middelgrutte Poalske stêden, troch migraasje nei gruttere stêden lykas Warsjau.

Toerisme en it besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Toerisme is in wichtige pylder foar de ekonomy yn Zamość. De wichtichste besjenswaardichheden binne:

Armeenske hûzen oan 'e Grutte Merk.
  • Rynek Wielki (De Grutte Merk): In plein fan 100 by 100 meter mei kleurrike Armeenske huzen mei arkades. Under it plein rint in rûte troch de kelders fan 'e histoaryske huzen dy't foar toeristen iepensteld is.
  • It Riedshûs is mei syn karakteristike hege toer en de waaierfoarmige treppen is dit it symboal fan 'e stêd.
  • De Katedraal fan 'e Opstanning is ien fan 'e moaiste renêssânsetsjerken fan Poalen, dêr't ek de famylje Zamoyski begroeven leit.
  • De fêstingwurken binne foar in grut part restaurearre en no tagonklik foar besikers.
  • De Rotunda is in earder ferdigeningswurk dat yn 'e oarloch troch de nazy's as plak foar eksekúsjes brûkt waard, no in yndrukwekkend monumint.
Synagoge.
  • De Alde Synagoge (Dawna Synagoga) is in renêssânse-synagoge út it begjin fan 'e 17e iuw. Ek de joadske wyk bleau bewarre.
  • Alle simmers fynt it "Zamość Simmer Teater" plak op 'e Grutte Merk
  • De stêd hat ien fan de âldste en meast populêre dieretunen fan East-Poalen.

De ekonomy fan Zamość is foar in grut part rjochte op tsjinstferliening, hannel en toerisme. Fanwegen de lokaasje yn in fruchtbere lânbouregio is ek de fiedselyndustry (lykas de ferwurking fan nôt en fruit) goed fertsjintwurdige. Der binne ferskate bedriuweterreinen dy't lichte yndustry en bedriuwen yn 'e logistyk oanlûke, profitearjend fan 'e ferbinings nei it easten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: