Yvonne Keuls
| Yvonne Keuls | ||
| Yvonne Keuls (1989).jpg | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Yvonne Keuls-Bamberg | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 17 desimber 1931 | |
| berteplak | Batavia | |
| stoarn | 16 novimber 2025 | |
| stjerplak | De Haach | |
| wurk | ||
| taal | Nederlânsk | |
| prizen | Trouw Publykspriis (1999) | |
| jierren aktyf | 1965-2025 | |
Yvonne Keuls-Bamberg (Batavia, 17 desimber 1931 - De Haach, 16 novimber 2025) wie in Nederlânsk skriuwster. In tal fan har boeken waarden bekroand en binne útgroeid ta klassikers fan de Nederlânske literatuer.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yvonne Keuls waard berne yn 1931 yn Nederlânsk-Ynje. Sy hie in Javaanske mem en in Joadske heit. Yn 1938 setten har âlden ôf mei har en har âldere bruorke nei Nederlân. Doe't Yvonne 13 wie krige se tuberkuloaze en waard behannele yn in sanatoarium.
Hja folge letter de oplieding ta ûnderwizeres en waard learares op in legere skoalle yn de Haachske Skilderswyk. Yn 1954 boaske sy, wêrtroch't se ûntslein waard, lykas doetiids gebrûklik wie. It pear krige trije bêrn. Allinne mar thússitte befoel har net; hja woe har kapasiteiten benutte en begûn te skriuwen.
Keuls skreau yn de jierren 60 ferskate toanielbewurkingen foar telefyzje en yn 1969 ferskynde har earste boek De toestand bij ons thuis, in bondeling fan har kollums foar de krante Het Vaderland. Letter rjochte se tegearre mei oaren in opfanghûs op foar jongeren dy't ferslave wiene of psychyske help nedich hiene. Har boeken De Moeder van David S. en 'Het verrotte leven van Floortje Bloem binne basearre op jongeren mei dizze problematyk. Fierder skreau se meardere romans oer ferskate ûnderwerpen lykas kriich, dakleazens en pedofily. Har boek Jan Rap en zijn maat, dat yn earste ynstânsje as harkspul útstjoerd waard by de KRO, hat Keuls bewurke foar it toaniel en is yn 25 teäters yn Europa opfierd.
Keuls skreau ek oer har Yndyske eftergrûn yn ûnder oaren de boeken Alle Indische tantes en Mevrouw mijn moeder. Foar dit lêste boek krige se yn 1999 de Trouw Publykspriis, dy't tsjintwurdich bekend is as de NS Publykspriis.
Keuls har wurk waard ûnder mear oerset yn it Deensk, Dútsk, Ingelsk, Frânsk, Frysk, Hongaarsk, Italiaansk en Sweedsk.
Yvonne Keuls ferstoar op 16 novimber 2025, yn 'e âldens fan 93 jier.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1965 - Kleine muizen, (toniel)
- 1967 - Onbegonnen werk, (foar televyzje) , bekroand mei de Mr. H.G. van der Vies-priis
- 1969 De toestand bij ons thuis
- 1977Jan Rap en z'n maat, (harkspul) , Yn 1978 bekroand mei de Prijs der Kritiek van de Nederlandse theatercritici en yn 1979 mei Het Zilveren Jongeren Paspoort. Yn 1987 ferfilme.
- 1979 - Keuls potje
- 1980 - Een doekje voor het bloeden
- 1980 - Keulsiefjes
- 1980 - De moeder van David S., geboren 3 juli 1959
- 1981 - Regenwormen
- 1982 - Het verrotte leven van Floortje Bloem Yn 2020 Bekroand mei de Peter van Straaten Psychologiepriis
- 1985 - Annie Berber en het verdriet van een tedere crimineel
- 1986 - De arrogantie van de macht
- 1988 - Daniël Maandag
- 1988 - Alle Indische tantes
- 1990 - De tocht van het kind
- 1992 - Meneer en mevrouw zijn gek, yn 1992 bekroand mei de Floortje Bloem Priis
- 1993 - Die kat van dat mens
- 1995 - Lowietjes smartengeld of: Het gebit van mijn moeder
- 1996 - Keulsiefjes
- 1999 - Mevrouw mijn moeder, yn 1999 bekroand mei de Trouw Publykspriis.
- 1999 - Dochters
- 2001 - Indische Tantes
- 2001 - Madame K: Van Indisch kind tot Haagse dame
- 2004 - Familiegedoe
- 2004 - Trassi tantes
- 2008 - Benjamins bruid
- 2009 - Allemaal beestjes
- 2013 - Koningin van de nacht
- 2018 - Zoals ik jou ken, ken jij mij
- 2021 - Gemmetje Victoria
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
