Yves Gomy
| Yves Gomy | ||
| Yves Gomy yn 2014 | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 2 july 1942 | |
| berteplak | Parys (Frankryk) | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| aktyf as | histeridolooch | |
| bekendste wurk(en) | Office pour les insectes et leur environnement Les Coléoptères de l'île de La Réunion Les Coccinelles de La Réunion Les Histeridae du Maroc | |
| prizen | Ordre des Palmes académiques 2001 yn 2014 | |
Yves Gomy (Parys, 2 july 1942) is in Frânske entomolooch en dichter, dy't benammen bekend is as spesjalist op it mêd fan spegelkrobben (Histeridae spp.).[1]
Yn syn lettere jierren omearme er it boedistyske konsept fan ôfhinkllik ûntstean — wêrby't alle dingen mei-inoar ynteraksje hawwe en foar harren bestean fan elkoar ôfhinklik binne (ûnderlinge ôfhinklikens en leechte, ofwol Śūnyatā, symbolisearre troch de Ensō). Hy fûn dêryn sawol in befêstiging fan syn ûndersyk nei entomologysk bioferskaat as in oanset om natuerlike omjouwings (biotopen) te begripen en te beskermjen. Hy wurket gear mei ferskate organisaasjes dy't har ynsette foar miljeu-ûndersyk en natoerbeskerming.[2]
Hy hat ûnder mear fiif dichtbondels publisearre dy't benammen ynspirearre binne troch de tiid dy't er trochbrocht op de eilannen yn it westlike diel fan de Yndyske Oseaan (de Maskarenen, Madagaskar en de Komoaren).[3]; [4]
Wurk (in kar-út)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Chrysalide, Art et Poésie, 1974
- Le Cri, Maison Rhodanienne de Poésie, 1978
- Des Mots Dés, cum « L'Échelle sans barreaux ou l'Essentiel avec un grand A » Colettae Cordou Gomy. Edizioni Maison Rhodanienne de Poésie, 1986
- La Déchirure, Maison Rhodanienne de Poésie, 1986
- Solstice d'hiver, Aquiprint, 2020
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Yves Gomy fan Wikimedia Commons. |