Yun Hyon-seok
Yun Hyon-seok(윤현석, Incheon, Súd-Koreä; 7 augustus 1984 - Seoul, 26 april 2003) is in Súdkoreaansk miskerjochte-aktivist, homoseksueel dichter en skriuwer.
Fan 2002 oant 2003 wie er lid fan de minskerjochtebeweging DongInRyun, dy't krewearre foar de rjochten fan homoseksuelen en transgenders. Yn 2003 wegere Yun militêre tsjinst.
Op 26 april 2003 die er himsels tekoart yn Seoul, fanwegen de homofoby dy't er ûnderfûn yn Súd-Koreä, dat wie op it kantoar fan DongInRyun[1] Hy liet in ôfskiedsbrief nei wêryn't er de diskriminaasje fan seksuele minderheden en de yntolerânsje fan behâldende kristenen oan 'e kaak stelde.[2]
It pseudonym dat er yn it iepenbier brûkte wie Yook Woo-dang ('Hûs fan Seis Freonen'), oare skûlnammen wiene Seolheon en Midong ('Moaie jonge').
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (kor) 청소년유해매체물에 '동성애' 삭제키로 오마이뉴스 2003.04.29
- (kor) 육우당(六友堂), ‘성소수자 해방’을 위해 지다 참세상 2008.05.01
- (kor) 육우당은 여전히 희망이 존재한다고 말하고... 참세상 2006.04.18
- (kor) "가식적인 기독교에 깨달음을"…어느 10대의 죽음 프레시안 2013.04.21
- (kor) 동성애자가 사탄? 너희는 파시스트 기독교인 경향신문 2012.01.25
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|