Yukonhartemûs
| Yukonhartemûs | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Peromyscus sp. | ||||||||||||
| IUCN-status: net beoardiele
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Yukonhartemûs is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). Dit bistke is endemysk yn noardwestlik Kanada. It is anno 2025 noch net wittenskiplik beskreaun en hat sadwaande ek noch gjin wittenskiplike namme.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1998, nei in yngeand ûndersyk nei spesimina fan wytpoatmûzen (Peromyscus spp.) yn noardlik Britsk-Kolumbia, de súdlike en sintrale Yukon en it noarden fan Súdeast-Alaska, kaam mammaloge Melanie Wike in unike ôfstammingkloft fan 'e bistkes op it spoar. Dy is net ûnder te bringen by besibbe soarten dy't yn deselde krite foarkomme, lykas de westlike hartemûs (Peromyscus sonoriensis) en de noardwestlike hartemûs (P. keeni). Genetyske ûndersiken út 2007 en 2019 befêstigen dat it hjir giet om in nije soarte.
Guon auteurs neame de Yukonhartemûs foutyf Peromyscus arcticus. Dy wittenskiplike namme is lykwols eins al ferjûn oan in ûndersoarte fan 'e eastlike hartemûs (P. maniculatus) yn Labrador (as P. m. arcticus).
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Yukonhartemûs is yn syn fersprieding beheind ta noardwestlik Kanada, dêr't er foarkomt yn 'e súdlike en súdwestlike Yukon en yn it oangrinzgjende uterste noardwesten fan 'e provinsje Britsk-Kolumbia.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
