Yukon-Kuskokwimdelta
| Yukon-Kuskokwimdelta | ||
| polityk en geografy | ||
| soarte gebiet | rivierdelta | |
| lân | ||
| steat | ||
| grutste plak | Bethel | |
| rivier(en) | Yukon Kuskokwim | |
| sifers | ||
| ynwennertal | 25.000 (2011) | |
| oerflak | 129.500 km² | |
| befolkingstichtens | 0,2 / km² | |
| oar | ||
| tiidsône | UTC –9 | |
| simmertiid | UTC –8 | |
| kaart | ||
| De Yukon-Kuskokwimdelta (read omline) yn Alaska. | ||
De Yukon-Kuskokwimdelta (Ingelsk: Yukon-Kuskokwim Delta) is in rivierdelta yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Alaska. Yn dat tinbefolke leechlân, dat foar it meastepart út toendra bestiet, mûnje twa grutte rivieren út yn 'e Beringsee, te witten: de Yukon en de Kuskokwim. Dizze delta is ien fan 'e grutsten yn 'e wrâld.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Yukon-Kuskokwimdelta leit yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Alaska, ynklamme tusken de Bristolbaai en it Ahklunberchtme yn it suden, it Kuskokwimberchtme yn it easten, de Nortonsound yn it noarden en de iepen Beringsee yn it westen. Yn it gebiet mûnje twa grutte rivieren út yn 'e Beringsee.
De grutste en wichtichste fan 'e beide is de Yukon, dy't 3.190 km nei it súdeasten ta ûntspringt by de Llewellyngletsjer yn it noarden fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. Dêrwei streamt er mei in omwei troch it territoarium Yukon, dat nei de rivier ferneamd is, en troch it sintrale diel fan Alaska. Yn 'e Yukon-Kuskokwimdelta bûcht de Yukon mei in bocht nei it suden ta en dan wer nei it noardwesten. De rivier foarmet sa it noardlike part fan 'e delta.
De oare grutte rivier is de Kuskokwim, dy't oansjenlik lytser is as de Yukon, mar dochs noch ien fan 'e gruttere rivieren fan Alaska. De Kuskokwim ûntspringt 1.530 km nei it noardeasten ta yn it nei de rivier ferneamde Kuskokwimberchtme en streamt dêrwei meänderjendewei op 'e delta ta. De Kuskokwim foarmet it súdlike diel fan 'e delta.
De Yukon-Kuskokwimdelta beslacht in oerflak fan likernôch 129.500 km², wêrmei't it ien fan 'e grutste rivierdelta's fan 'e wrâld is. It gebiet is rûchwei like grut as hiel Grikelân (31.900 km²). De Yukon-Kuskokwimdelta is folle grutter as de Mississippydelta, de grutste rivierdelta yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten, dy't yn oerflak wikselet tusken in minimum fan 32.400 km² en in maksimum fan 122.000 km², ôfhinklik fan 'e tiid fan 't jier. De Yukon-Kuskokwimdelta, dy't foar it meastepart út toendra bestiet, genietet in beskerme status as ûnderdiel fan it Nasjonaal Faunareservaat De Yukondelta (dat fierders ek it eilân Nunivak, foar de kust, omfettet).

Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bestjoerlik heart de Yukon-Kuskokwimdelta ta de saneamde Unorganisearre Borough. De Amerikaanske steat Alaska is nammentlik opdield yn boroughs ynstee fan countys, lykas de measte oare steaten. De Unorganisearre Borough is eins in oantsjutting foar alle gebiet yn Alaska dat te tinbefolke is om in borough te foarmjen, en dat dêrom op regionaal nivo streekrjocht bestjoerd wurdt út 'e steatshaadstêd Juneau wei.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wenje likernôch 25.000 minsken yn 'e Yukon-Kuskokwimdelta, wêrmei't de befolkingstichtens op minder as 0,2 persoanen de km² útkomt. Dêrfan bestiet 85% (21.250 minsken) út leden fan lânseigen etnyske groepen, te witten: de Jûpik (Yup'ik), in subgroep fan 'e Eskimo's, en ferskate lytse Yndiaanske folken dy't Noardatapaskyske talen sprekke. It grutste plak yn 'e delta is Bethel, dat yn 2020 in befolking fan 6.325 minsken hie. Dêromhinne lizze 49 lytsere doarpen fersille, mei mar inkelen dy't mear as tûzen ynwenners hawwe.
De measte bewenners fan 'e Yukon-Kuskokwimdelta liede in tradisjonele selsfoarsjennende libbenswize dy't basearre is op jacht, fiskjen en it gearfandeljen fan natuerlik groeiende fruchten (foar it meastepart beien) en, oan 'e kust, fan seefruchten en skelpdieren. In trêdepart fan 'e befolking fan it gebiet libbet rom ûnder de earmoedegrins. Yn 'e delta besteane gjin wegen of spoarwegen. De bewenners bewege har yn it simmerhealjier fuort yn boaten oer de rivieren en by 't winter op sniescooters of rinnende. It gebiet is fan bûtenôf inkeld tagonklik yn bush planes.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
