Yucatángaai
| Yucatángaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
jonge fûgel | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cyanocorax yucatanicus | ||||||||||||
| Dubois, 1875 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Yucatángaai (Cyanocorax yucatanicus), ek stavere as Jûkatangaai, is in fûgelsoarte yn it skaai maskergaaien (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Yucatángaai is in swarte en blauwe kriefûgel. By folwoeksen fûgels is de snaffel swart, by jonge fûgels giel. Se ha ynearsten in wyt fearrekleed. Nei it útfleanen hâlde se noch in oantal wiken in wyt. Tsjin 'e ein fan 'e simmer krije se it fearrekleed fan folwoeksen fûgels.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet yn Belize, Gûatemala en Meksiko en telt twa ûndersoarten:
- Cyanocorax yucatanicus yucatanicus: Yucatán, noardlik Belize en noardlik Gûatemala.
- Cyanocorax yucatanicus rivularis: Tabasco en Campeche.
De fûgel is algemien yn iepen bosken. It binne bolbjurken fûgels dy't yn groepen fan fiif oant 25 fûgels foarkomme.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In rûzing út 2019 giet út fan in populaasje fan 50.000 oant 500.000 folwoeksen fûgels. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is en dêrfandinne wurdt de soarte as net bedrige (Least Concern, 2020) klassifisearre op 'e Reade list fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
