Springe nei ynhâld

Yrrigaasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Yrrigearre)
Yrrigaasje yn súdlik Yndia.

Yrrigaasje (fan it Latynske irrigatio fia it Midfrânske irrigation)[1] of bewettering is it mei fêste tuskenskoften tafoegjen fan in beskate hoemannichte wetter oan lânbougewaaksen as der in tekoart oan delslach bestiet. Dêrmei kin it bedriuwen fan lânbou mooglik makke wurde op plakken dy't dêr oars te drûch foar wêze soene, of kin it gewier (de opbringst) fan lânbou ferbettere wurde op plakken dy't mei te krappe delslach kampe. Lânbou dy't foar bewettering inkeld stipet op direkte delslach, wurdt drûge lânbou neamd; dat is it tsjinstelde fan yrrigaasjelânbou. Yrrigaasje wurdt gauris keppele oan drainaazje, dat de ôffier op natuerlike of keunstmjittige wize is fan oerskotten oan oerflaktewetter of grûnwetter.

Bûten de lânbou om wurdt yrrigaasje ek wol brûkt foar it behâld fan lânskippen (bgl. tunen) yn tiden fan drûchte of foar de refegetaasje fan fersteurde grûn yn drûge gebieten. Dêropta kin yrrigaasje ek ynset wurde foar oare doelen as eigentlike bewettering, lykas it beskermjen fan planten tsjin froast en it tsjingean fan setting (wêrby't de grûn ûnder ynfloed fan belêsting gearparse wurdt, wat de groei fan fegetaasje behinderet). Fierders wurde yrrigaasjesystemen ek tapast foar it tsjinkearen fan opwynderjen fan moude, it ôffieren fan ôffal fia rioelen en yn 'e mynbou.

Skematyske werjefte fan dripyrrigaasje.

Histoarysk wie yrrigaasje tige wichtich foar in grut ferskaat oan minsklike kultueren. It waard al yn it sechsde milennium f.Kr. yn it Midden-Easten bedreaun, en giet teminsten tebek oant it fjirde milennium f.Kr. op it Yndiaaske subkontinint en yn 'e Súdamerikaanske Andes, it trêde milennium f.Kr. yn Egypte en it twadde milennium f.Kr. yn Afrika besuden de Sahara.

Der besteane ferskate foarmen fan yrrigaasje. Ien fan 'e âldsten is om yn 'e alluviale flakte fan ien of mear rivieren in stelsel fan lytse yrrigaasjekanaaltsjes te graven dy't troch de rivieren oanhâldend fan nij wetter fersjoen wurde. Troch de wâlen fan sokke kanaaltsjes no en dan troch te brekken, kin it omlizzende lân bewettere wurde. In oare foarm is terrasyrrigaasje, wêrby't it wetter op berch- of heuvelskeanten efter de diken fan terrassen fêstholden wurdt. In soartgelikens systeem wurdt brûkt by floedflakte-yrrigaasje, wêrby't it wetter fan in bûten syn oeren trêdzjende rivier as it sakket efter de diken fan ikkers fêstholden wurdt. By dripyrrigaasje wurdt it wetter troch in stelsel fan buizen boppe- of ûndergrûnsk ompompt en troch iepenings yn 'e buizen op of ûnder de grûn dript. Noch wer in oare metoade is troch sprinklerynstallaasjes te brûken, wêrby't de gewaaksen fan boppenôf bespuite wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. It wurd 'yrrigaasje' op Wictionary

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.