York (Ingelân)

Ut Wikipedy
York
Lizzing fan York yn Ingelân
Lizzing fan York yn Ingelân
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Sifers
Ynwennertal 209.893 (rûsd 2018)
Oerflak 272,0
Befolkingsticht. 687/km²
Oar
Stifting 71
Tiidsône Greenwich Mean Time
Simmertiid British Summer Time
Koördinaten
Offisjele webside
City of York Council
Katedraal fan York
De rivier Ouse

York is in stêd (city) en unitary authority yn it noarden fan Ingelân en sûnt 1996 ek in Unitary Authority mei Noard Yorkshire as seremonieel greefskip.

De stêd leit op it plak dêr't de rivier de Ouse en de Foss yn inoar oergean. York leit sa'n 40 km noardeastilk fan Leeds, 55 km benoarden Doncaster, 60 km noardwest fan Hull, 65 km bewesten de Noardseekust en 75 km besuden Middlesbrough.

Yn 2001 telde de stêd York 137.505 ynwenners. De Unitary authority dy't sûnt 1996 'City of York' hjit, en dêr't ek de omkriten ta hearre, hie yn 2007 193.300 ynwenners.

Skiednis yn it koart[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd waard stifte troch de Romeinen yn 71 nei Kr. Sy neamden it Eboracum, faaks ôflaat fan in namme dy't brûkt waard troch de Britske stammen út dy kriten. De Romeinen makken York ta de haadstêd fan de provinsje Britannia Inferior. Keizer Septimius Severus is dêr stoarn yn 211; 95 jier letter stoar keizer Konstantius Klorus yn Eburacum, de heit fan Konstantyn de Grutte.

De Romeinske colonia en it fort leinen heech, mar yn 400 rekke de leger lizzende stêd sels ûnderstrûpt troch de rivieren Ouse en Foss en waard doe ferlitten. Yn de iere 5e iuw setten de Angelen har dêr nei wenjen. Begraafplakken út dy tiid tsjûgje dêrfan. Sy neamden de stêd Eoforwic. Yn de 7e iuw, ûnder Kening Edwin, waarden de eardere oerstreamde dielen wer bewenne. De stêd waard de tsjerklike en letter it keninklike sintrum fan it Keninkryk Northumbria. De Wytsingen ferôveren de stêd yn 866, foar de perioade tusken 866 en de ynlivingand fan Northumbria yn it Keninkryk Ingelân yn 954, wurdt York troch moderne gelearden wolris oantsjut mei syn Skandinaviske nammefoarm, Jórvík. De namme "York" waard earst yn de 13e iuw brûkt.

Yn de Midsiuwen waard York in wichtich sintrum fan de wolhannel en it tsjerklike haadplak fan noardlik Ingelân. De provinsje York is ien fan de twa tsjerklike provinsjes bleaun, mei dy fan Canterbury.

York's lizzing oan de rivier Ouse, sintraal yn de Vale of York en healweis de haadstêden Londen en Edinboarch betsjutte dat it plak lange tiid in wichtich nasjonaal ferkearsknooppunt wie. Yn de 19e iuw waard York, troch ynfloed fan George Hudson, in wichtich middelpunt yn it spoarnetwurk en in yndustrysintrum. De lêste tsientallen jierren wurdt de ekonomy fan York net mear oerhearske troch bakkerijen en spoarrelatearre yndustryen, mar leit de klam op tsjinstferliening. De University fan York en de sûnenstsjinstferliening binne wichtige wurkjouwers wurden. Toerisme is teffens in wichtige ynkommensboarne wurden meidat de stêd tal fan histoaryske attraksjes hat, dêr't de York Minster de foarneamste fan is, en in ferskaat oan kultuerele attraksjes bied.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

UK sensus 2001[1] York Yorkshire Ingelân
Kristlik 74,42% 73,07% 71,74%
Gjin religy 16,57% 14,09% 14,59%
Moslim 0,58% 3,81% 3,1%
Boeddhist 0,21% 0,14% 0,28%
Hindû 0,19% 0,32% 1,11%
Joadsk 0,11% 0,23% 0,52%
Sikhs 0,05% 0,38% 0,67%
Oare religy 0,30% 0,19% 0,29%
Gjin opjefte 7,57% 7,77% 7,69%

Untjouwing ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

York Yorkshire and
the Humber
Ingelân
Meiinoar 195.400 5.213.200 51.446.200
Blank 94,6% 90,6% 88,2%
Asiaten 2,1% 5,7% 5,7%
Swart 0,7% 1,3% 2,8%
Quelle: Office for National Statistics[2]

Befolkingsgroei sûnt 1801:

Jier 1801 1811 1821 1831 1841 1851 1861 1871 1881 1891 1901 1911 1921 1931 1941Berjocht:FN 1951 1961 1971 1981 1991 2001
Ynwennertal 24.080 27.486 30.913 36.340 40.337 49.899 58.632 67.364 76.097 81.802 90.665 100.487 106.278 112.402 123.227 135.093 144.585 154.749 158.170 172.847 181.131
Boarne: Vision of Britain[3]

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • York Minster, grutte katedraal
  • Treasurer's House
  • Barley Hall
  • Clifford's Tower
  • National Centre for Early Music
  • York City Art Gallery

Susterstêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn York[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is in oersetting fan de ynlieding op it artikel York fan de Ingelske Wikipedia.
  1. Census: Census Area Statistics: Key Figures: Area: York (Local Authority); Neighbourhood Statistics/Office for National Statistics, 2007-07-11
  2. People and Society: Population and Migration: Key Figures: Area: York (Local Authority)|werk=Neighbourhood Statistics|hrsg=Office for National Statistics, 2009-05-19
  3. UA/City: Totale befolking; sjoen 2009-07-19; A Vision of Britain Through Time troch Great Britain Historical GIS Project