Springe nei ynhâld

Yntylt

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Yntrou)
De trochjefte fan in resessyf gen (rôze) troch yntylt yn in famyljestambeam.

Yntylt of ynteelt, ek: ynfok (by bisten) of yntrou (by minsken),[1] is it produsearjen fan neiteam troch de pearing (of it fokken) fan yndividuën fan in soarte organisme dy't genetysk nau oaninoar besibbe binne. De term slacht ornaris op bisten, mar kin ek foar minsken brûkt wurde. Yntylt hat tige negative konnotaasjes, mei't it gauris resultearret yn syklike of op oare manearen lichaamlik of geastlik beheinende genetyske ôfwikings. Dy wurde feroarsake troch it ta útdrukking kommen fan in resessyf gen dat sawol fan 'e heite- as de memmekant ôf trochjûn wurdt (homosygoasje). Yn ekstreme gefallen kin dat liede ta de tydlike ôfname fan 'e biologyske fitheid (d.w.s. it fermogen om te oerlibjen en fuort te plantsjen) fan in populaasje (in saneamde yntyltdepresje).

Yn 'e minsklike kontekst giet it by yntylt om fuortplanting mei neie famyljeleden, lykas bruorren, susters, âldelju, soannen, dochters, omkes, muoikes, neven, nichten en omke- en muoikesizzers. Ynsest is it hawwen fan seksuele omgong (ûnder twang of frijwillich) mei sokken, mar dat moat net mei yntylt betize wurde, want allinnich it hawwen fan seksuele omgong is noch gjin yntylt. By yntylt giet it derom dat der neiteam produsearre wurdt.

Kening Karel II fan Spanje, dy't omreden fan syn troch generaasjes fan yntylt feroarsake geastlike beheindheid en syn ekstreme Habsburchkaak ek wol el Hechizado ("de Behekste") neamd waard.

Yntylt is omreden fan 'e potinsjele negative konsekwinsjes yn 'e measte minsklike kultueren in taboe dêr't in protte lannen en territoaria wetten tsjin hawwe. Nettsjinsteande dat kin it dochs foarkomme yn tige isolearre mienskippen (fral yn it ferline, bygelyks op eilannen). Yn 'e Nederlânske kontekst wie it eilantsje Marken yn 'e eardere Sudersee (no de Markermar) dêr in goed foarbyld fan.

Dêrnjonken kaam soks yn it ferline ek wol foar by de hege adel. Keningshuzen en oare aadlike lagen sleaten politike bûnsgenoatskippen dy't bekrêftige waarden troch it úthylkjen fan dochters oan in oar keningshûs of aadlik laach. Net selden duorren sokke bûnsgenoatskippen iuwenlang en waard der yn hast eltse generaasje yninoar omtroud. Dat koe op 'en doer deselde gefolgen hawwe as it yninoar omtrouwen fan in lytse fiskersmienskip op in isolearre eilân.

In goed foarbyld dêrfan is de saneamde Habsburchkaak. Dat wie de foarútstekkende ûnderkaak (prognatisme) fan it Hûs Habsburch, dat lange tiid Eastenryk, Hongarije, Spanje en it Hillige Roomske Ryk regearre. Guon leden fan dit laach koene dêrtroch har libben lang de boppekaak net op 'e ûnderkaak krije (bygelyks Karel II fan Spanje, dy't ek geastlik beheind wie) en noch mear hiene swierrichheden by it kôgjen en dêrtroch ek by de spiisfertarring (bygelyks Karel V).

Bisten hawwe troch evolúsje faak ynstinktive foarmen fan hâlden en dragen ûntwikkele om yntylt te mijen. Sa tsjogge jongen dy't geslachtsripens berikke bygelyks faak op eigen inisjatyf fuort út it territoarium fan 'e âlden. It komt ek foar dat se troch de âlden op agressive wize ferjage wurde. As sokke natuerlike ynstinkten lykwols opkeard wurde, bygelyks as bisten domestisearre binne of yn in dieretún holden wurde, skrilje bisten mar selden tebek foar it bedriuwen fan yntylt.

Guon bistefokkers brûke mei opsetsin yntylt om beskate winske skaaimerken yn harren bisten te krijen, in technyk dy't bekendstiet as selektyf fokken. In protte ûnderskate hûnerassen en oare domestisearre bisterassen binne op dy wize ûntstien. It is lykwols ek de oarsaak fan oandwanings as heupdysplasy by Dútske hardershûnen en polysysteuze nieren by Perzyske katten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 309.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.