Ynternasjonaal Monetêr Fûns

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer ekonomy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Lidsteaten fan it YMF

It Ynternasjonaal Monetêr Fûns (YMF) is in organisaasje foar monetêre saken, dy't tegearre mei de Wrâldbank yn 1944 en mei it systeem fan Bretton Woods oprjochte waard yn it ramt fan de weropbou nei de Twadde Wrâldkriich. It YMF waard desimber 1945 offisjeel yn bedriuw brocht troch 29 nasjonale regearings. It YMF is in spesjalisearre organisaasje fan de Feriene Naasjes.

Yn 2012 hat it IMF 188 lidsteaten en 107 miljard dollar lieningen útstean oan 87 lannen. It haadkantoar sit yn Washington, D.C.

Direkteuren fan it YMF[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It haad fan de YMF is in direkteur. Tradisjoneel is dat in Europeaan, wylst it haad fan de Wrâldbank altyd in Amerikaan is. De folgjende persoanen wienen direkteur fan it YMF:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De webside fan it YMF jout geregeldwei ûndersyksrapporten, ûnder oaren alle healjierren World Economic Outlook (yn april en oktober).

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory International Monetary Fund fan Wikimedia Commons.