Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy

Ut Wikipedy
Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy
plak en tiid
lân Frankryk
regio Auvernje-Rône-Alpen
departemint Opper-Savoaye
plak Annecy
tiid fan it jier juny
bysûnderheden
soarte evenemint filmfestival
sjenre tekenfilms
bestean 1960 – no
org. troch IAFA
offisjele webside
www.annecy.org

It Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy (Frânsk: Festival International du Film d'Animation d'Annecy) is in filmfestival dat elts jier yn juny holden wurdt yn 'e Frânske stêd Annecy. It evenemint is eksklusyf wijd oan tekenfilms. It waard foar it earst yn 1960 organisearre, en fûn oarspronklik ienris yn 'e twa jier plak. Pas yn 1998 waard it feroare yn in jierliks barren. It Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy is ien fan 'e fjouwer ynternasjonale tekenfilmfestivals yn 'e wrâld dy't sponsore wurde troch de International Animated Film Association (IAFA, of Frânsk: Association Internationale du Film d'Animation, ASIFA).

In tekenfilmfertoaning yn 'e iepen loft op it Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy fan 2014.

It Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy bestiet foar it meastepart út in kompetysje tusken tekenfilms dy't mei ferskate techniken makke binne, lykas hântekene animaasje, útknipt papier, stop-motion, claymation, kompjûteranimaasje, ensfh. De films wurde opdield yn ferskate kategoryen:
lange films
koarte films
films makke foar tillefyzje en/of reklame
● films fan studinten
● en (sûnt 2002) films makke foar it ynternet.

Behalven dat de dielnimmende films fertoand wurde yn 'e ûnderskate bioskopen fan Annecy, wurde ûnder it festival jûns ek fertoanings yn 'e iepen loft organisearre.

Foar folsleine en byholden listen mei winnende tekenfilms, sjoch op 'e Ingelske Wikipedy:
hjirre foar lange films;
hjirre foar koarte films;
hjirre foar films makke foar tillefyzje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.