Springe nei ynhâld

Ynstinkt

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ynstinktive)
In hûn dy't wiet rekke is, snjitteret him ynstinktyf út, sûnder dêrfoar in bewuste beslissing te nimmen.

Ynstinkt is yn 'e etology (gedrachsbiology) in oanberne en soartspesifyk gedrachspatroan fan in organisme, wêrby't yndividuele kognysje (begryp), yn 'e foarm fan opdiene ûnderfining troch learen, gjin rol spilet. It wurd komt fan it Latynske instinctus, it mulwurd fan instinguo, dat "ynstigearje" of "oansette ta" betsjut, fan in, "yn" of "op" en stinguo, "prikelje". It ynstinkt fan in bist is genetysk fêstlein. Yn in spesifike sitewaasje (in stimulus) liedt ynstinkt ta in spesifyk aksjepatroan (in respons), besteande út in fêststeande opienfolging fan dieden (fixed action pattern).

Foarbylden fan ynstinktyf hâlden en dragen by bisten binne dat jonge seeskyldpodden, nei't se ûnder it sân fan in strân út it aai kommen binne en harsels útgroeven hawwe, ynstinktyf de kant fan 'e see út krûpe, of dat in fûgel in nêst boud om syn aaien yn te lizzen, of dat in hûn dy't wiet rekke is, himsels útsnjitteret om wer drûch te wurden. Hoewol't ynstinktyf hâlden en dragen alhiel los stiet fan neitinken en kennis, kinne details wol troch ûnderfining ferbettere wurde. Sa sil in fûgel dy't al ferskate kearen in nêst boud hat, minder begjinnersflaters meitsje, hoewol't de oanstriid om in nêst te bouwen noch altyd ynstinktyf is.

Ynstinkten binne komplekse, oanberne patroanen fan hâlden en dragen dy't by de measte soarten organismen foarkomme. Se moatte ûnderskaat wurde fan refleksen, dat ienfâldige reäksjes binne fan in organisme op in spesifike stimulus. In foarbyld fan in refleks is de gearlûking fan 'e pupil as der in fel ljocht yn it each skynt, of de spasmoadyske beweging fan 'e ûnderskonk as der op 'e knibbel tikke wurdt. Sokke dingen is neat ynstinktyfs oan.

Ynstinktyf hâlden en dragen komt net inkeld by bisten foar mar ek by minsken. Sa liket eangst foar en ûntwiking fan spinnen en slangen in minsklik ynstinkt te wêzen, mei't by in ûndersyk sels seis moannen âlde poppen, dy't sokke bisten noch nea earder sjoen hiene, dat gedrach al fertoanden. Ek it gûlen fan in poppe om oandacht fan 'e âlden te krijen is nei alle gedachten in foarbyld fan minsklik ynstinktyf hâlden en dragen. It ynstinkt om gear te kloftsjen komt foar by sawol minsklike bern as de jongen fan sjimpansees, mar ûntbrekt nei't it skynt by de jongen fan orang-oetans. Oare foarbylden fan minsklike ynstinkten binne selsbehâld en it memme-ynstinkt om bern te beskermjen sels al bringt de mem harsels dêrtroch yn gefaar.

Wat minsken yn saken fan it ynstinkt ûnderskiedt fan bisten, is dat minsken troch harren wilskrêft in foarm fan ynstinktyf hâlden en dragen oanpasse of hielendal tsjinkeare kinne as se har der bewust fan binne. Bisten misse sawol de ferstanlike fermogens as de wilskrêft om dat te dwaan.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.