Ynfier

Ynfier of ymport (fan it Latynske in, "yn" en portum, "haven") is de beneaming foar alle guod en tsjinsten dy't kocht en levere wurde yn it iene lân út in oar lân wei. Ynfier is ien fan 'e foarmen fan ynternasjonale hannel. It tsjinstelde fan ynfier is útfier. Dêrfan is sprake as guod en tsjinsten út it iene lân wei oan in keaper yn in oar lân ferkocht en levere wurde. In lân dat in protte ynfiert, is in ynfierlân of in ymporteur. Dy lêste oantsjutting kin ek brûkt wurde foar in bedriuw dat in protte út it bûtenlân wei oankeapet.
It ynfieren fan guod wurdt faak dien út needsaak, mei't produkten te djoer wurde om yn eigen lân makke te wurden, of om't it eigen lân gewoan net it fermogen hat om foldwaande of wat dan ek fan in beskaat produkt oan te meitsjen. Sa wurde yn Nederlân klean ynfiert út Bangladesj wei, om't it folle goedkeaper is om se dêr meitsje te litten. Ek wurdt yn Jeropa bygelyks kofje en tee ynfiert út tropyske lannen, om't dy gewaaksen hjir omreden fan it te kâlde klimaat net ferboud wurde kinne.
Ek tsjinsten kinne ynfierd wurde. De eigen ynwenners fan in lân dy't yn it bûtenlân op fakânsje geane, binne ûnderdiel fan dy ynfier, want eltse kear dat der jild, dat yn in beskaat lân fertsjinne is, útjûn wurdt yn in oar lân, is der sprake fan 'e ynfier fan tsjinsten. Dat omfiemet dus alle betellings foar oernachtings yn in bûtenlânsk hotel, mar ek besiken oan nachtklubs en al it iten en drinken dat yn it bûtenlân nuttige wurdt (salang't it net efter yn 'e auto meinommen is fan hûs). Mar ek bygelyks it ûnderhâld oan software fan bedriuwen as Microsoft is (bûten it thúslân, yn dit gefal de Feriene Steaten) in foarm fan ynfier fan tsjinsten.
As in regear ornearret dat troch de ynfier fan goedkeapere produkten en tsjinsten út it bûtenlân wei de (djoerdere) produksje fan deselde produkten en tsjinsten yn it eigen lân fuortkonkurrearre wurdt, en dat dy ûntwikkeling ûnwinsklik is, kin besletten wurde ta it nimmen fan proteksjonistyske maatregels, dy't de eigen produksje beskermje. Foarbylden binne it heffen fan ynfierrjochten of it oplizzen fan ynfierkwoata. Ynfierrjochten of tariven binne in foarm in belesting dy't oer de ynfier betelle wurde moat. Dêrtroch kin de priis fan goedkeapere produkten of tsjinsten út it bûtenlân gelyklutsen wurde mei dy fan djoerdere binnenlânske produkten of tsjinsten. In ynfierkwoatum is in maksimale hoemannichte fan in produkt of tsjinst dy't ynfierd wurde meie, ornaris rekkene per jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
