Springe nei ynhâld

Aziatyske wylde kat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Yndyske woastynkat)
Aziatyske wylde kat
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljekateftigen (Felidae)
skaaiwylde katten (Felis)
soarteAfrikaanske wylde kat
   (Felis lybica)
ûndersoarte
Felis lybica ornata
Gray, 1832
IUCN-status: net beoardiele
ferspriedingsgebiet

De Aziatyske wylde kat (wittenskiplike namme: Felis lybica ornata) is in ûndersoarte fan 'e Afrikaanske wylde kat (Felis lybica), dy't foarkomt yn dielen fan West-, Sintraal- en Súd-Aazje. Dit bist wurdt op it Yndysk subkontinint ek wol de Yndyske woastynkat neamd. It is in solitêr libjende karnivoar, dy't benammen op lytse sûchdieren en lytse oant middelgrutte fûgels jaget. Der is gjin ynformaasje beskikber oer de hjoeddeistige status fan 'e hiele populaasje, mar it liket derop dat de Aziatyske wylde kat stadichoan efterútbuorket.

Fan 'e Aziatyske wylde kat waard yn 1832 in yllustraasje publisearre út 'e samling fan Thomas Hardwicke. De Ingelske soölooch John Edward Gray, dy't dit bist oanseach foar in selsstannige soarte, foege oan dat plaatsje de wittenskiplike namme Felis ornata ta, wat letterlik safolle betsjut as "sierlike wylde kat". Ferskate oare soarten en ûndersoarten wylde katten út Aazje, dy't tusken 1874 en 1930 beskreaun waarden, blieken letter synonimen fan Felis ornata te wêzen. Yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren beseach de Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock de yndieling fan 'e famylje fan 'e kateftigen (Felidae) op 'e nij. Op basis fan 'e grutte en foarm fan 'e plasse en de tosken fan it bist, ornearre hy dat de Aziatyske wylde kat gjin selsstannige soarte wie, mar eins in ûndersoarte fan 'e Afrikaanske wylde kat (Felis lybica). It bist krige sadwaande syn hjoeddeistige wittenskiplike namme: Felis lybica ornata.

De yllustraasje fan 'e Aziatyske wylde kat út 'e samling fan Thomas Hardwicke, dy't yn 1832 publisearre waard mei de wittenskiplike namme dy't it bist taparte waard troch John Edward Gray.

De Aziatyske wylde kat komt foar yn hast hiel Iraan, útsein it uterste noardwesten fan it lân en de súdkust fan 'e Kaspyske See. Wol libbet er yn 'e eastlike grinskrite fan Irak, it súdeasten fan Azerbeidzjan en it súdwesten fan Pakistan. Yn Sintraal-Aazje omfettet it ferspriedingsgebiet hiel Turkmenistan en Oezbekistan, de súdlike helte fan Kazachstan, it noardeasten en beskate westlike grinsregio's fan Kirgyzje, dielen fan it súdwesten, noardwesten en easten fan Tadzjikistan en dielen fan noardlik, noardwestlik en sintraal Afganistan. Fierder eastlik komt de Aziatyske wylde kat ek foar yn it meastepart fan Sinkiang-Oeigoerje, dielen fan noardlik-sintraal Sina en súdlik en súdwestlik Mongoalje. Op it Yndysk subkontinint is de fersprieding diskontinu, mei isolearre populaasjes yn sintraal en súdeastlik Pakistan en westlik en westlik-sintraal Yndia.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Aziatyske wylde kat hat trochinoar in kop-romplingte fan 47–74 sm, mei in sturtlingte fan 21–36 sm en in gewicht fan 3–4 kg. Boarren binne oer it algemien wat foarser en swierder as poezen. De pels hat in bêzje kleur, dy't yn Sintraal-Aazje mear rodzich is en op it Yndysk subkontinint mear nei giel útskaait. Dêroerhinne leit in patroan fan lytse rûne swarte spikkels boppe-op 'e kop, yn 'e nekke, op 'e rêch en op 'e siden. Op it boarst, de bealch en oan 'e binnenkant fan 'e poaten ljochtet de grûnkleur ta nei krêm en binne de spikkels grutter en dizeniger. Op 'e bûtenkant fan 'e foar- en efterpoaten binne de spikkels ferlinge ta koarte smelle horizontale streekjes. De sturt hat in stik as fiif dizenige griiseftige ringen op 'e helte dy't it deunst by it lichem sit, en fjouwer dúdlike, swarte ringen nei de útein ta, dy't ek in swart puntsje hat.

Aziatyske wylde katten komme foar yn in breed ferskaat oan biotopen, fan tuskenbeiden wâlden en tropyske reinwâlden oant de iepen steppe en fan leechleine kustgebieten oant berchtmen. Se ûntbrekke lykwols op 'e grutste hichten en yn 'e drûchste woastinen. Yn 'e bergen libje se oant hichten fan 2.000–3.000 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Aziatyske wylde kat is, as it derop oankomt, in nachtdier, mar hy kin ek gauris oerdeis waarnommen wurde. Rêsten docht er yn rotsspjalten of yn ûndergrûnske hoalen dy't útgroeven binne troch oare bisten. De Aziatyske wylde kat liedt in fierhinne solitêr bestean, útsein yn 'e peartiid, dy't ornaris gearfalt mei de reintiid. De draachtiid duorret 56–60 dagen, wêrnei't de wyfke op in beskut plakje in nêst fan almeast 1–3 jongen smyt. Dy bringt se allinnich grut, mei't de boarre nei de pearing fierders neat mear mei it fuortplantingsproses te krijen hat. De jongkatsjes beselskipje de mem mei likernôch in moanne as se der op út tsjocht. Mei 3 moanne wurde de jongen ôfwûn en begjinne se te learen om sels te jeien. Se bliuwe likernôch in healjier by de mem.

De Aziatyske wylde kat is in karnivoar, dy't benammen lytse sûchdieren bejaget. Wichtige proaidieren binne û.o. de grutte rinmûs (Rhombomys opimus), de Libyske gerbilrôt (Meriones libycus), de tamariskgerbilrôt (Meriones tamariscinus), de Sineeske rinmûs (Meriones meridianus), de Afgaanske wrotmûs (Microtus afghanus), it Afgaansk grûniikhoarntsje (Spermophilopsis leptodactylus), de lytse fiifteanjerboä (Scarturus elater), de langearjerboä (Euchoreutes naso), de fiifteandwerchjerboä (Cardiocranius paradoxus), de Tolaihazze (Lepus tolai), de Jarkandhazze (Lepus yarkandensis) en eksoaten lykas de brune rôt (Rattus norvegicus) en de muskusrôt (Ondatra zibethicus). Hy fret by gelegenheid sels keallen en biggen fan 'e Sibearyske ree (Capreolus pygargus) en it everswyn (Sus scrofa).

In Aziatyske wylde kat by nacht trappearre.

Njonken sûchdieren meitsje ek lytse oant middelgrutte fûgels in wichtich part út fan it dieet fan 'e Aziatyske wylde kat. Dêrby giet it om 'e ljurk (Alauda arvensis), de feale woastynfink (Rhodospiza obsoleta), de woastynstrûksjonger (Scotocerca inquieta), de fazant (Phasianus colchicus), de patriis (Perdix perdix), de wytbúksânhin (Pterocles alchata), de blauwe pau (Pavo cristatus), de mosk (Passer domesticus) en ferskate soarten lytse sjongfûgels, dowen en domestisearre plomfee. Ek lytse reptilen steane op it menu, lykas de Afgaanske steppe-agame (Trapelus megalonyx), de sânhagedis (Lacerta agilis), ferskate soarten gekko's en oare hagedissen. It is waarnommen hoe't Aziatyske wylde katten slangen deaden en lytsman makken, wêrûnder de seachskobnjirre (Echis carinatus), de Sintraalaziatyske sânboä (Eryx elegans) en ferskate soarten kobra's. Dêrnjonken frette dizze bisten ek wringeleas dierte, lykas sprinkhoannen, krobben en oare ynsekten, en teffens skorpioenen. Ek de aaien fan briedende fûgels litte se net lizze.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Aziatyske wylde kat binne gruttere rôfdieren, lykas de tiger (Panthera tigris), it loaihoars (Panthera pardus), de streekte hyena (Hyaena hyaena), de Aziatyske wylde hûn (Cuon alpinus) en de wolf (Canis lupus). De jongen binne yn 't earstoan kwetsber foar in ferskaat oan lytsere rôfdieren, wêrûnder martereftigen, rôffûgels en ûlen.

De Aziatyske wylde kat is net op status beoardiele troch de Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN). Dit bist is opnommen yn Taheakke II fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) 'e beskreaune bisten. Yn Turkmenistan, Kirgyzje, Tadzjikistan, Mongoalje en Sina hat de Aziatyske wylde kat in beskerme status.

Yn Afganistan waard dit bist yn it ferline fûleindich bejage. Op 'e bazaars yn Kabûl waarden yn 1977 op ien dei 1.200 ûnderskate pelzen teld dy't bewurke wiene ta in ferskaat oan produkten. Yn 2009 wie de Aziatyske wylde kat yn Afganistan ien fan 'e earste bistesoarten dy't in beskerme status krige en waard alle jacht op en hannel yn dielen fan it bist ferbean. It is net dúdlik oft dat ferbod noch neilibbe wurdt sûnt de Taliban yn 2021 wer oan 'e macht kamen.

Der is gjin ynformaasje beskikber oer de hjoeddeistige status fan 'e hiele wrâldpopulaasje fan 'e Aziatyske wylde kat, mar it liket derop dat der in delgeande trend bestiet. Ien fan 'e wichtichste bedrigings foar dit bist is genetyske fersmoarging troch krusings mei ferwyldere hûskatten (Felis catus).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.